Senario: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
In '''senario''' of in '''skript''' (men heart ek wol de [[Ingelsk]]e fariant '''''screenplay''''') is in skriftlik wurk makke troch in [[senarioskriuwer]], mei dêryn de ferhaallinen dêr't [[film]]s, [[tillefyzje]]searjes en oare tillefyzjeprogramma's, [[stripferhaal|strips]] en [[fideospultsje]]s op basearre binne. In senario kin in oarspronklik (folslein nij) wurk wêze, mar it kin ek ûntliend wêze oan in al besteand wurk (lykas oan in [[roman]] dy't ferfilme wurde sil). In senario is sa gearstald dat de tekst op ien side likernôch oerienkomt mei it tiidsferrin fan ien minút op it skerm. De ynhâld bestiet hast folslein út dialooch. Yn in saneamd ''[[shooting script]]'', dat ek wurklik brûkt wurdt om in film of programma neffens op te nimmen, binne de sênes nûmere, en wurde bykommende oanwizings jûn foar de [[regisseur|rezjy]]. Yn in ''[[spec script]]'' (dat in wurk is dat in senarioskriuwer op eigen manneboet produsearre hat, sûnder dêr opdracht ta krigen te hawwen) of in kladskript binne de sênes nèt nûmere en binne de rezjyoanwizings ta it minimum beheind. Yn 'e [[Feriene Steaten]] moat ferplichte mei ''[[US Letter (papiergrutte)|US Letter]]''-papierformaat, de [[font]] [[Courier]] en lettergrutte 12 wurke wurde. Yn [[Jeropa]] wurdt [[A4]]-papier brûkt en is der gjin ferplichte font of lettergrutte. De dialooch is op it papier sintrearre, en de nammen fan 'e personaazjes wurde mei haadletters foar harren tekst skreaun.
 
{{boarnen|boarnefernijing=