Stjer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
oanf
Rigel 1:
{{Wurk}}
[[Ofbyld:Animation binaire eclipses 2.gif|thumb|right|''stjer'']]
In '''stjer''' is in bolfoarmich [[himellichem]], dêr't de druk en temperatuer fan de ynwindige gaskonsintraasje foar it meastepart sa heech binne dat der kernfusiereaksjes plakfine. Dêrby wurde ôfgryslike protten enerzjy produsearre dy't troch de stjer útstriele wurde yn ferskate weachlingten. De wichtichste weachlingte is nei alle gedachten de spektrale bân fan it sichtbere [[ljocht]]. De tichtstbye stjer is de [[sinne]], dêrnei folget de stjer [[Proksima Sentauri]].
 
[[File:Starsinthesky.jpg|right|thumb|280px|Stjerren oan 'e [[loft|himel]] by [[nacht]].]]
{{stobbe-astronomy}}
{{Oar|it himellichem stjer|stjer (betsjuttingsside)}}
In '''stjer''' is in [[ljocht]]ôfjaand [[bol]]foarmich [[himellichem]] besteande út superferhjitte en dêrtroch [[brân|baarnende]] [[gas]]sen, dy't gearholden wurde troch de eigen [[swiertekrêft]]. De [[luchtdruk|druk]] en [[temperatuer]] fan 'e gaskonsintraasje yn 'e kearn fan in stjer binne sa alderferskuorrendste heech dat der spontane [[kearnfúzje]]reäksjes plakfine wêrby't [[wetterstof]] omset wurdt yn [[helium]]. Dêrtroch wurdt in ôfgryslik soad [[enerzjy]] produsearre, dy't troch de stjer útstriele wurdt yn ferskate [[weachlingte]]n, mei as wichtichste de [[ljochtspektrum|spektrale bân]] fan it [[sichtber ljocht|sichtbere ljocht]]. It [[eigenskipswurd]] dat by 'stjer' heart, is '''stellêr''', fan it [[Latyn]]ske ''stella'' ("stjer"). De leechte tusken stjerren wurdt nei ferwiisd as de [[romte|ynterstellêre romte]]. Stjerren ûntsteane troch it proses fan [[stjerformaasje]] en einigje harren bestean nei in [[nova (astronomy)|nova]] of [[supernova]] as in [[stellêr restant]].
 
==Stjerrekunde==
[[Kategory:Astronomy]]
Al sûnt de [[prehistoarje]] hat de [[minskheid]] fassinearre west troch stjerren, dy't troch harren ûnwitten ôfstân fan 'e [[Ierde]] lytse spjeldepuntsjes [[ljocht]] op fêste plakken oan 'e nachtlike himel lykje te wêzen, en dy't lykje te flikkerjen troch it effekt fan 'e [[planeet|planetêre]] [[atmosfear]], dy't harren ljocht passearje moat om it ierdoerflak te berikken. [[Skiednis|Histoarysk]] waarden de prominintste stjerren groepearre yn saneamde [[stjerrebyld]]en, dy't [[namme]]n krigen as de [[Grutte Bear]], de [[Liuw (stjerrebyld)|Liuw]] en de [[Skealjes (stjerrebyld)|Skealjes]]. De [[sinne]]ljocht wjerkeatsende [[planeet|planeten]] fan ús [[sinnestelsel]], lykas [[Fenus (planeet)|Fenus]], [[Mars (planeet)|Mars]] en [[Jupiter (planeet)|Jupiter]], waarden oarspronklik ek as stjerren beskôge; dêrfandinne dat Fenus wol bekend stiet as de 'Jûnsstjer'. Doe't men de nachtloft yngeander beächte, die lykwols bliken dat sokke 'stjerren' ûnfêst wiene, sadat se yn it [[Aldgryksk]] de namme ἀστήρ πλανήτης, ''astēr planētēs'' krigen, dat "swalkjende stjer" betsjut.
[[File:LeoCC.jpg|left|thumb|180px|It [[stjerrebyld]] [[Liuw (stjerrebyld)|Liuw]].]]
 
Ut de stúdzje fan 'e nachtlike himel kaam de [[astronomy]] fuort, de [[wittenskip]]like stúdzje fan it [[hielal]], mar ek de [[astrology]], in [[pseudo-wittenskip]] dy't de [[takomst]] besiket te foarsizzen út 'e stân fan stjerren en planeten. De skieding tusken dy beide ferskynsels is trouwens fan resinte datum; oant de [[Ferljochting]] seach men neat tsjinstridichs tusken astronomy en astrology. De moderne astronomy makket gebrûk fan ûnbidich grutte [[tilleskoop|tilleskopen]] yn saneamde [[observatoarium|observatoaria]] of [[stjerrewacht]]en. De meast spesjalisearre observatoaria binne op [[berch|bergen]] fêstige, om sa min mooglik lêst te hawwen fan [[ljochtfersmoarging]]. Troch [[desennium|desennia]] fan bodzjen hawwe astronomen dy't ferbûn binne oan sokke observatoaria [[stjerrekatalogus]]sen gearstald wêryn't standerdisearre [[stjerrenamme]]n fêstlein binne.