Stjer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf
oanf
Rigel 14:
De stjer dy't it deunst by de [[Ierde]] stiet, is de [[sinne]] (of Sol, yn [[wittenskip]]like [[nomenklatuer]]), dy't ús [[sinnestelsel]] beljochtet en fan [[enerzjy]] foarsjocht. Alle [[libben]]e [[organisme|wêzens]] op 'e Ierde besteane úteinlik fan [[sinneljocht]], dat troch [[planten]] yn it proses [[fotosynteze]] ta [[iten]] makke wurdt en as sadanich de hiele [[itenskeatling]] fan it Ierdske [[ekosysteem]] ûnderstipet. In grut tal oare stjerren is [[nacht]]s by [[wolk|ûnbewolkt]] [[waar]] mei it bleate [[each]] sichtber oan 'e [[loft|himel]], mar wurdt oerdeis wei yn it ljocht fan 'e sinne. De neiste fan dy oare stjerren is [[Proxima Centauri]], dy't op 39,9 [[triljoen]] [[km]] (of 4,2 [[ljochtjier]]) ôfstân fan 'e Ierde stiet. As men reizgje soe mei de [[faasje]] dy't in [[romtefear]] yn in [[baan (romtefeart)|baan]] om 'e Ierde berikt (8 km de [[sekonde]] of krapoan 30.000 km de [[oere]]), soe men der 150.000 [[jier]] oer dwaan om Proxima Centauri te berikken.
[[File:The_Sun_by_the_Atmospheric_Imaging_Assembly_of_NASA's_Solar_Dynamics_Observatory_-_20100819.jpg|right|thumb|220px|In (ynkleure) byld fan 'e [[sinne]], dat in stjer fan it spektrale type ''G'' is.]]
 
==Sinne- en stjerrestelsels==
Ut [[astronomy]]sk ûndersyk is sûnt [[2000]] bleken dat in grut part fan 'e stjerren wierskynlik ien of mear [[planeet|planeten]] hat, dy't fongen binne yn 'e [[swiertekrêft]] fan 'e oangeande stjer en dêr sadwaande yn in [[baan (astronomy)|fêste baan]] omhinne draaie. Sa'n stjer mei satelliten wurdt in [[planetestelsel]] of sinnestelsel neamd. Us eigen [[sinnestelsel]] telt njoggen fan sokke planeten (of acht, as men [[Pluto (planeet)|Pluto]] net meirekkenet. Guon planetestelsels telle mear as ien sinne (of stjer); sokken neamt men [[mearstjerrestelsel]]s. As der twa stjerren ominoarhinne draaie, sprekt men fan in [[binêre stjer]], en as der trije ominoarhinne draaie, is it in [[trinêre stjer]]. Gruttere groepen ominoarhinne draaidende stjerren, dy't [[stjerrekluster]]s neamd wurde, besteane ek.
 
Stjerren binne net yn gelikense mjitte ferspraat oer it [[hielal]], mar klútsje foar it meastepart mei ynterstellêr [[gas]] en [[stof]] gear yn groepen, dy't [[stjerrestelsel (molkewei)|stjerrestelsels]] of molkewegen neamd wurde. It is lykwols in misfetting dat stjerren útslutend yn stjerrestelsels foarkomme, mei't der ferskate saneamde yntergalaktyske stjerren (yn 'e romte tusken stjerrestelsels) ûntdutsen binne. In trochinoar stjerrestelsel omfiemet hûnderten miljarden stjerren, en der binne mear as 100 miljard stjerrestelsels yn it waarnimbere (!) hielal. Yn [[2010]] waard sadwaande in skatting dien dat it tal stjerren yn it [[waarnimber hielal|waarnimbere hielal]] 300 [[triljard]] wie, of yn [[wiskunde|wiskundige notaasje]] 3×10<sup>23</sup>.
[[File:Star_life_cycles_red_dwarf_en.svg|left|thumb|300px|Skematyske werjefte fan 'e libbenssyklus fan stjerren.]]