Stjer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf
oanf
Rigel 28:
In stjer mei in [[massa (natuerkunde)|massa]] dy't 0,4 kear sa grut of grutter is as de [[sinne]], groeit út ta in saneamde [[reade reus]] as de wetterstof úteinlik oprekket. Wylst de stjer almar grutter groeit, stjit er in diel fan syn massa, ferrike mei swiere eleminten út 'e kearn, út nei de ynterstellêre romte, dêr't it letter foar nije stjerformaasjes brûkt wurde sil. Underwilens ferwurdt de stjerkearn ta in [[stellêr restant]]: in [[wite dwerch]], in [[neutroanestjer]] of, as er dêr massyf genôch foar is, in [[swart gat]].
[[File:Well-known stars.png|right|thumb|300px|Guon bekende stjerren werjûn om it ûnderlinge ferskil yn grutte sjen te litten.]]
 
==Klassifikaasje fan stjerren==
De tsjintwurdige klassifikaasje fan stjerren (it [[Yerkes-klassifikaasjesysteem]]) is basearre op temperatuer: yn it foarste plak is der de ien-letterklassifikaasje dy't giet fan ''O'', wat tige hjit is, fia ''B'', ''A'', ''F'', ''G'' en ''K'' nei ''M'', wat sa koel is dat der har [[molekúl|molekulen]] foarmje kinne in 'e [[atmosfear]] fan 'e stjer. In ferskaat oan seldsume [[spektrale klassifikaasje|spektrale types]] hawwe spesjale oantsjuttings binnen dit systeem; de meast foarkommende dêrfan binne ''L'' en ''T'', dy't de kâldste en minst massive stjerren, resp. [[brune dwerch|brune dwergen]] klassifisearje. Eltse letter hat 10 ûnderferdielings, nûmere fan ''0'' oant ''9'', yn folchoarder fan ôfnimmende temperatuer, al moat dêrby fernijd wurde dat dit systeem fêstrint by ekstreem hege temperatueren, mei't de klassen ''O0'' en ''O1'' wierskynlik net besteane.
{| class="wikitable"
|-
! klasse
! temperatuer
! foarbyldstjer
|-
| style="background:#9bb0ff; text-align:center;"| O
| style="background:#9bb0ff;" |33.000 [[Kelvin|K]] of mear
| style="background:#9bb0ff;" | [[Zeta Ophiuchi]]
|-
| style="background:#aabfff; text-align:center;"| B
| style="background:#aabfff;" |10.000-33.000 K
| style="background:#aabfff;" | [[Rigel (stjer)|Rigel]]
|-
| style="background:#cad8ff; text-align:center;"| A
| style="background:#cad8ff;" |7.500-10.000 K
| style="background:#cad8ff;" | [[Altair (stjer)|Altair]]
|-
| style="background:#fbf8ff; text-align:center;"| F
| style="background:#fbf8ff;" |6.000-7.500 K
| style="background:#fbf8ff;" | [[Procyon A]]
|-
| style="background:#fff4e8; text-align:center;"| G
| style="background:#fff4e8;" |5.500-6.000 K
| style="background:#fff4e8;" | [[sinne|Sol]]
|-
| style="background:#ffddb4; text-align:center;"| K
| style="background:#ffddb4;" |4.000-5.500 K
| style="background:#ffddb4;" | [[Epsilon Indi]]
|-
| style="background:#ffbd6f; text-align:center;"| M
| style="background:#ffbd6f;" |2.600-4.000
| style="background:#ffbd6f;" | [[Proxima Centauri]]
|}
 
Fierders kinne stjerren noch klassifisearre wurde oangeande de [[helderheid]]s-effekten yn 'e [[spektrale line]]n (dy't korrespondearje mei harren romtlike grutte en bepaald wurde troch [[swiertekrêft]] en [[oerflak]]). Dizze klassifikaasje giet fan ''0'' ([[hyperreus|hyperreuzen]]) fia ''Ia'' (helderste [[superreus|superreuzen]]), ''Ib'' (minder heldere superreuzen), ''II'' ([[heldere reus|heldere reuzen]]), ''III'' ([[reus (stjer)|reuzen]]), ''IV'' ([[subreus|subreuzen]]) nei ''V'' ([[haadrigedwerch|haadrigedwergen]]), wylst guon [[wittenskipper]]s noch ''VI'' ([[subdwerch|subdwergen]]) en ''VII'' ([[wite dwerch|wite dwergen]]) tafoegje. De measte stjerren behearre ta de kategory fan 'e haadrigedwergen, dy't bestiet út gewoane, wetterstofbaarnende stjerren. De sinne, bgl., is in [[giele dwerch]], neffens dit systeem klassifisearre as in ''G2V''-stjer.
 
Ta ein beslút kinne der dan noch oantsjuttings yn lytse letters oan sokke klassifikaasjes tafoege wurde, lykas ''e'' (dat de oanwêzigens fan [[emisjelinen]] oantsjut), ''m'' (dat de oanwêzigens fan ûngewoan hege nivo's [[metaal|metalen]] oanjout) en ''var.'' (dat fariaasjes yn it [[spektrale klassifikaasje|spektrale type]] oantsjut). Wite dwergen hawwe harren eigen klassifikaasje, dy't begjint mei de letter ''D'' en fierder opdield is yn ''DA'', ''DB'', ''DC'', ''DO'', ''DZ'' en ''DQ'', ôfhingjend fan 'e types fan promininte linen yn it spektrum. Dizze oantsjuttings wurde dan folge troch in nûmerike wearde dy't de temperatueryndeks oanjout.
[[File:Comparison of planets and stars (sheet by sheet) (Apr 2015 update).png|right|thumb|400px|In ferliking fan 'e grutte fan [[planeet|planeten]] en stjerren (panielen 2 <sup>o</sup>/<sub>m</sub> 6 begjinne hieltyd mei it lêste [[himellichem]] út it foargeande paniel).]]