Plato: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L of
Rigel 22:
| webside = ''n.f.t.''
}}
{{Of|de Grykske wiisgear|de lânfoarm|plato (heechflakte)}}
'''Plato''' ([[Attysk]] [[Aldgryksk]]: Πλάτων, ''Plátōn'', útspr.: ['platɔ:n], likernôch "platôn"; [[Atene]], [[428 f.Kr.|428]]/[[427 f.Kr.|427]] of [[424 f.Kr.|424]]/[[423 f.Kr.]] – dêre, [[348 f.Kr.|348]]/[[347 f.Kr.]]) wie in ien fan 'e trije grutte [[filosoof|filosofen]] út 'e [[Grikelân|Grykske]] [[Aldheid]], njonken syn master [[Sokrates]] en syn learling [[Aristoteles]]. Hy wie de stifter fan 'e ferneamde [[Platoanyske Akademy|Akademy fan Atene]], it alderearste ynstitút foar [[heger ûnderwiis]] yn 'e Westerske wrâld. Behalven op [[filosofy]] lei er him ek ta op [[wiskunde|wis]]- en [[natuerkunde]], en oars as syn foargonger Sokrates skreau er syn ideeën op, sadat se út 'e earste hân oerlevere binne. Plato wurdt rûnom beskôge as ien fan 'e ynfloedrykste tinkers en de wichtichste filosoof út 'e [[minske|minsklike]] [[skiednis]], fral foar wat de Westerske filosofyske tradysje oanbelanget. Saakkundigen miene dat Plato syn oeuvre folsleine oerlevere is, wat unyk is foar in [[Aldgryksk]]e [[skriuwer]] dy't 2.400 jier lyn libbe.