Yndo-Jeropeeske talen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
L [[]]
Rigel 11:
 
==Algemiene beskriuwing==
Guon fan 'e bekendste en histoarysk sjoen ynfloedrykste Yndo-Jeropeeske talen (bgl. it [[Latyn]], it [[Aldtsjerkeslavysk]] en it [[Avestysk]]) binne no [[útstoarne taal|útstoarn]]. Lykwols wurde der hjoed de dei noch mear as 400 Yndo-Jeropeeske talen sprutsen, wêrfan't mear as de helte ta de [[Yndo-Aryske talen|Yndo-Aryske]] tûke heart. De skreaune oerlevering fan 'e Yndo-Jeropeeske talen giet foar de útstoarne [[Anatoalyske talen]] en it [[Myseensk Gryksk]] werom nei de [[Brûnstiid]], om [[1.500 f.Kr.]] hinne, en dêrmei hawwe de Yndo-Jeropeeske talen de langste dokumintearre skiednis nei de [[Afro-Aziatyske talen|Afro-Aziatyske taalfamylje]].
[[File:Lânkaart lokaasje Yndo-Jeropeeske talen.PNG|thumb|left|350px|De lokaasje fan 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje yn 'e wrâld.]]
 
Rigel 28:
 
===Oarsprong===
Oer de oarsprong fan 'e Yndo-Jeropeeske talen binne [[taalkundige]]n en [[archeolooch|archeologen]] it noch net iens. De teory dy't de measte oanhingers hat, is dat it [[Proto-Yndo-Jeropeesk]], de taal dêr't alle Yndo-Jeropeeske talen op weromgeane, oarspronklik sprutsen waard yn 'e [[Koeban (regio)|Koeban]], it gebiet benoarden de [[Kaukasus]], en yn 'e [[Kaspyske Leechflakte]], en dat de Yndo-Jeropeeske folken har fan it [[fjirde milennium f.Kr.]] ôf dêrwei ferspraat hawwe oer [[Jeropa]], it [[Heine Easten]] en it [[Yndiaaske subkontinint]]. Dit wurdt de [[Kurgan-hypoteze]] neamd, en waard foar it earst foarsteld troch de [[Litouwen|Litousk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaanske]] archeologe [[Marija Gimbutas]], yn 'e jierren fyftich fan 'e [[tweintichste iuw]].
 
Party saakkundigen hingje lykwols de saneamde [[Anatoalyske teory]] oan, dy't de Britske archeolooch [[Colin Renfrew]] yn [[1987]] formulearre. Dêryn wurdt steld dat de ''Urheimat'' (it oarspronklike wengebiet) fan 'e Yndo-Jeropeänen [[Anatoalje]] (oftewol [[Lyts-Aazje]]) wie. Fierders foel neffens dizze teory de fersprieding fan 'e Yndo-Jeropeeske talen gear mei de fersprieding fan 'e [[lânbou]] yn it [[Neolitikum]] (it lêste stadium fan 'e [[Stientiid]]), en begûn dy dus om 7.000[[7000 f.Kr.]] hinne, ferskate milennia earder as dat de Kurgan-hypoteze hawwe wol. Dizze teory hat minder oanhingers, mar waard yn [[2003]] al ûnderstipe troch de [[biotaalkunde|biotaalkundige]] resultaten út it ûndersyk fan [[Russell Gray]], dy't foar de tiid fan 'e fersprieding op earne tusken 7.800 en 5.800 f.Kr. útkamen.
[[File:IE expansion.png|thumb|right|250px|De migraasjeweagen fan Yndo-Jeropeeske folken tusken 4[[4000 f.000Kr.|4000]] en 1.000[[1000 f.Kr.]], neffens de [[Kurgan-hypoteze]].]]
 
In oar grut en fierrikkend ferskil tusken de Kurgan-hypoteze en de Anatoalyske teory is de posysje fan 'e [[Anatoalyske talen]], in útstoarne taalkloft mei as wichtichste en bekendste taal it [[Hettitysk]]. Neffens de Kurgan-hypoteze foarmet dy groep gewoan in ûnderdiel fan 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje. Mar de (noch altyd kontroversjele) teory fan Renfrew wol hawwe dat it Hettitysk en it Proto-Yndo-Jeropeesk op ien hichte stiene – sustertalen wiene – en fuortkamen út in mienskiplike oarsprong, in taal dy't it [[Proto-Yndo-Hettitysk]] neamd wurdt (tink derom, dit is mar in teory; it is net wis oft dy taal wol ea bestien hat).
 
Der besteane noch mear teoryen, mar dy binne minder ynfloedryk. Sa wolle guon hawwe dat de ''Urheimat'' fan 'e Yndo-Jeropeänen it noardwesten fan it tsjintwurdige [[Iraan]] wie, it gebiet om 'e [[Urmiamar]] hinne. Oaren leauwe dat se út it gebiet kamen dat no de [[See fan Azov]] foarmet, beëasten it [[Oekraïne|Oekraynske]] [[skiereilân]] de [[Krim]], en dat de fersprieding fan 'e Yndo-Jeropeeske folken in drekt gefolch wie fan it derûnderstrûpen fan dat lân om 5.600[[5600 f.Kr.]] hinne. Wer oaren hawwe yn it ferline teoryen foarsteld dy't harren eigen nasjonale of [[nasjonalisme|nasjonalistyske]] belangen it bêste tsjinnen.
 
== Underferdieling ==
De Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje is opboud út in stikmannich lytsere taalfamyljes:
* de [[Anatoalyske talen]]
:Dizze taalfamylje omfettet de ierst oerlevere Yndo-Jeropeeske talen, dy't no allegearre útstoarn binne. De measte taalkundigen pleatse dizze taalgroep yn 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje, mar in minderheid hâldt út dat it in sustertaalfamylje west hawwe moat, dy't mei de Yndo-Jeropeeske talen op ien hichte stie. De wichtichste taal fan dizze kloft is it [[Hettitysk]], dat oerlevere is út 'e [[achttjinde iuw f.Kr.]] Oare Anatoalyske talen binne it [[Lûwysk]], [[Lydysk]], [[Lysysk]], [[Pisidysk]] en [[Palaysk]]. Mooglik hearde ek it breklik oerlevere [[Karysk]] ta dizze taalgroep.
* de [[Armeenske talen]]
:Fan dizze lytse taalkloft wurdt faak inkeld it [[Armeensk]] neamd, mar ek it [[Lomavren]] en it [[Hemsjinly]] hearre derta. It [[Aldarmeensk]], dat ek wol ''Grabar'' neamd wurdt, is oerlevere fan 'e [[fyfde iuw]] ôf.
Rigel 52:
:De ierst oerlevere ynskripsje datearret út 'e [[twadde iuw f.Kr.]], wylst de earste oerlevere tekst de Goatyske [[Bibel]]oersetting út 'e [[fjirde iuw]] is. Njonken it no útstoarne [[Goatysk]] binne de wichtichste talen: it [[Ingelsk]], [[Dútsk]], [[Nederlânsk]], [[Sweedsk]], [[Afrikaansk]], [[Deensk]], [[Noarsk]], [[Lúksemboarchsk]], [[Yslânsk]] en [[Fêreusk]]. Oare talen binne û.m.: it [[Nederdútsk]]/[[Nedersaksysk]], [[Jiddysk]], [[Skotsk]], [[Frysk]], [[Limboarchsk]], [[Noardfrysk]], [[Sealterfrysk]], [[Skânsk]] en [[Elfdelstersk]].
* de [[Helleenske talen]]
:Fan dizze lytse taalkloft wurdt ornaris allinne it [[Gryksk]] neamd, dêr't de ierste fragminten fan oerlevere binne út 'e [[fjirtjinde iuw f.Kr.]] (yn 'e foarm fan it [[Myseensk Gryksk]]). Ek útstoarne talen út 'e Aldheid as it [[Doarysk]], [[Eoalysk]] en [[Arkado-Syprioatysk]] hearden derta. Hjoed de dei wurde njonken it Gryksk noch sprutsen: it [[Pontysk]], [[Kappadoasysk]] en [[Tsakoanysk]].
* de [[Illyryske talen]]
:De iennichste noch libbene taal út dizze kloft is it [[Albaneesk]], dat oerlevere is fan 'e [[fyftjinde iuw]] ôf. Foar party taalkundigen stiet no fêst dat it [[Albaneesk]] in Illyryske taal wie en net in [[Trasyske talen|Trasysken-ien]], al liket der gewoan te min fan 'e âlde Illyryske talen oerlevere te wêzen om datoangeande slutend bewiis te foarmjen. Dy âlde, no útstoarne [[Illyryske talen]] wiene û.m. it [[Illyrysk]], [[Pannoanysk]] en [[Alddalmatysk]]. Oft it [[Messapysk]], dat yn 'e [[Aldheid]] yn 'e "hakke" fan 'e [[Lears fan Itaalje]] sprutsen waard, ek ta de Illyryske talen rekkene wurde moat, is noch altyd net folslein bewiisd, mar liket wol wierskynlik.
Rigel 63:
::De wichtichste útstoarne talen út dizze famylje binne it [[Avestysk]] (oerlevere fan 'e [[sânde iuw f.Kr.]] ôf), [[Aldperzysk]] (oerlevere fan 'e [[sechsde iuw f.Kr.]] ôf), [[Medysk]], [[Partysk]], [[Baktrysk]], [[Skytysk]], [[Sarmatysk]] en [[Sogdysk]]. Libbene talen binne û.m.: it [[Perzysk]] (Iraansk), [[Koerdysk]], [[Tadzjyksk]], [[Pataansk]] (de grutste taal fan [[Afganistan]]), [[Dary]] (de twadde taal fan Afganistan), [[Hazaragy]], [[Balûtsysk]] en it [[Ossetysk]] (út 'e [[Kaukasus]]).
:* de [[Yndo-Aryske talen]]
::De wichtichste taal dy't ta dizze famylje heart, is it [[Sanskryt]], oerlevere fan it iere [[twadde milennium f.Kr.]] ôf, dat om it jier [[600]] hinne útstoarn wie, mar dat yn 'e twadde helte fan 'e [[tweintichste iuw]] nij libben ynblaasd is (yn [[2001]] wiene der wer 14.000 memmetaalsprekkers). In oare wichtige, noch wol útstoarne taal is it [[Paly (taal)|Paly]], dêr't de ierste [[boedisme|boedistyske]] hillige teksten yn skreaun binne. De wichtichste libbene Yndo-Aryske talen binne it [[Hindy]] (de nasjonale taal fan [[Yndia]]), it [[Bingaleesk]] (de nasjonale taal fan [[Banglades]]), it [[Urdû]] (de nasjonale taal fan [[Pakistan]]), it [[Nepaleesk]] (de nasjonale taal fan [[Nepal]]), it [[Singaleesk]] (de nasjonale taal fan [[Sry Lanka]]) en it [[Maldivysk]] (de nasjonale taal fan 'e [[Malediven]]). Grutte Yndo-Aryske talen mei in offisjele regionale status yn Yndia binne fierders it [[Pûndjaabsk]], [[Maratysk]], [[Gûdjaratysk]], [[Konkaansk]], [[Assameesk]], [[Orissaansk]] en [[Tsjattisgaarsk]]. Ek it [[Sindysk]], [[Bihareesk]], [[Radjastaansk]] en [[Surinaamsk-Hindoestaansk]] hearre ta dizze taalfamylje.
:* de [[Noeristaanske talen]]
::In lytse taalkloft dy't ek wol as ûnderdiel fan 'e Iraanske talen beskôge wurdt. De wichtichste talen binne: it [[Kamkata-viry]], [[Waigaly (taal)|Waigaly]] en [[Askûnû (taal)|Askûnû]].