Etna (fulkaan): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 5:
[[File:Etna1.jpg|thumb|275px|Toeristen op de Etna]]
De '''Etna''' ([[Italjaansk]]: ''Etna'' en ek ''Mongibello'') is in [[fulkaan]] oan de eastkant fan it [[Italië|Italjaanske]] eilân [[Sisylje]], yn de provinsje [[Katania (provinsje)|Katania]] dy't noch altyd fan foarm feroaret troch it tsjininoar [[Tektonyk|oanskowen]] fan twa platen fan de [[ierdkoarste]]. Dêrtroch dûkt de [[Afrikaanske plaat]] ûnder de [[Jeraziatyske plaat]]. De Etna is mei sa'n 3323 m. de op ien nei heechste en de meast aktive fulkaan fan Jeropa. Op 21 juny 2013 hat de [[UNESCO]] de Etna yn de [[Wrâlderfgoedlist]] opnaam.
 
== Algemiene skaaimerken ==
De top fan de noardeastkrater (3329,6 meter) makket de Etna de heechste berch fan it eilân en – nei de [[Elbroes]] – de op ien nei heechste fulkaan yn Jeropa. De Etna beslacht 1570 km², de diameter is ûngefear 45 kilometer. It heechste punt dat berikt wurde kin is by de ''Osservatore'' op krapoan 3000 meter, dêr't de [[swevel]]geur al te fernimmen is.
 
De Etna bestiet út:
* Valle del Bove, in grutte kleau dy't ûnstie troch in ierdferskowing by in erupsje,
* krater Trifoglietto,
* krater Mongibello.
 
De Etna is ien fan de 16 [[Fulkanen fan it Desennium]] fan de [[International Association of Volcanology and Chemistry of the Earth's Interior|IAVCEI]], út reden fan syn skiednis fan grutte erupsjes en de tichtby lizzende wenkearnen.
 
== Berchtoppen ==