Bokwert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kat
LNo edit summary
Rigel 1:
'''Bokwert''' is in sabeare doarp yn de ferhalen fan [[Rink van der Velde]], ûnder de [[skûlnamme]] Wabbe Wisses Rzn, dy’t yn de jierren santich alle wiken ferskynden yn de [[Ljouwerter Krante]] tusken [[26 oktober]] [[1970]] en maaie [[1992]].
 
Ynspiraasje krige Van der Velde fan in korrespondint út [[Molkwar]] dy't, yn ieren en sinen in Fries, yn oandwaanlik Hollânsk de feiten en fiten út syn doarp beskreau. Yn de artikels fan Van der Velde like it krekt as wienen de artikels oernomd út it lokale wykblêd 'Nieuws- en advertentieblad Bokwerder Belang'. Steller dêrfan wie in Wabbe Wisses Rzn. Dy besocht steefêst om him yn eptige folsinnen út te drukken, mei as handikap dat er syn memmetaal Frysk letterlik oersette yn it Nederlânsk. Der wurdt dan in griemmank fan Frysk en Nederlânsk brûkt dat fol stiet fan de [[frisisme]]n: faak letterlik oersetten typysk Fryske útdrukkingen en taaleigen. De stikjes wienen faak in mylde spot op maatskiplike tendinzen as emansipaasje, fersoargingssteat en burokrasy. De ferhalen geane ek oer it ivige gefoel fan doarpen om eftersteld te wurden by de “Hoofdplaats”. Doeke Vaartjes, de foarsitter fan Pleatslik Belang, wie dan ek ivich yn de striid mei de gemeente omdat dy it haadplak foarluts. Kleurrike figueren yn de ferhalen binne Doeke Vaartjes (foarsitter Pleatslik Belang), de widdo Fokeltje Snikstra-Weening (baakster), Gosse Ongemak, Iebele Flapper, Bote Bijster en de pleatslike agooch drs. Gijsbert Willemoed.