Beboude kom: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 7:
De '''beboude kom''' is it troch de [[oerheid]] fêststelde gebiet fan [[stêd]]s- of [[doarp]]sbebouwing. De râne fan 'e beboude kom wurdt oanjûn troch de pleatsing fan [[blau]]we [[ferkearsboerd|ferkearsbuorden]] (spesifyk saneamde 'kombuorden') dêr't yn [[wyt|wite]] [[letter]]s de [[plaknamme]] op fermeld stiet. As men út 'e beboude kom wei komt, wurdt de grins dêrfan oanjûn troch sa'n selde boerd mei in diagonale [[read]]e streek dertrochhinne.
 
De beboude kom falt by (lytsere) doarpen yn 'e regel gear mei de [[buorren (doarp)|buorren]]. Hoewol't yn it deistich spraakgebrûk de termen 'doarp' en 'beboude kom' trochinoar brûkt wurde, is it eigentlike doarp eins folle grutter, mei't dêr ek it bûtengebiet (de [[himrik]]) ta heart. By grutte doarpen en stêden falle [[yndustry]]gebieten mei grutte hoeken [[bedriuw]]sbebouwing soms bûten de beboude kom.
 
Binnen de beboude kom jilde op guon mêden oare regels as derbûten. Dêrby moat men yn it foarste plak tinke oan [[ferkearsregel]]s, lykas de [[maksimumsnelheid]]. Dy is yn [[Jeropa|Jeropeesk]] [[Nederlân]] 50 km/h as it net oars oanjûn stiet (wat gauris it gefal is); op [[Bonêre]] 40 km/h, op [[Sint-Eustasius]] 30 km/h en op [[Saba]] 20 km/h.