Tûke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L oare betsj
Rigel 1:
[[File:Strom_roka_borovica_velke_borove_03.jpg|right|thumb|250px|De tûken fan in [[beam]].]]
{{Oar|it diel fan in plant|tûke (betsjuttingsside)}}
In '''tûke''' is in [[hout]]ich diel fan in [[beam]] of [[strûk]] dat út 'e [[stamme (beam)|stamme]] groeit en lytser yn trochsneed is as dy stamme. Tûken kinne sawol rjocht omheech groeie, as skean omheech, as horizontaal fan 'e stamme ôf. Alle tûken heech yn 'e beam mei-inoar foarmje de '''beamkop'''. It plak dêr't in beam him yn twa of mear grouwe tûken fertakket, wurdt in '''beamstrampel''' neamd. De namme foar al soksoarte fertakkings, by beammen en by strûken, is '''strampel''', '''sprantel''', '''spranteling''', '''útsprantel''' of '''útspranteling''', en oan 'e sydkant fan 'e beam of strûk wurdt soks ek wol in '''sydsprantel''' neamd. Strampels wurde, fral by beammen in protte brûkt om in [[einekoer]] yn te befêstigjen.