Geslachtsmienskip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Besykje it mar es mei in lytse man
Rigel 5:
 
==Synonimen==
[[Synonym|Synonimen]] foar geslachtsmienskip binne '''geslachtlike mienskip''', '''geslachtsferkear''', '''geslachtsdie(d)''', '''fleislike mienskip''', '''seks''', '''seksueel kontakt''', '''seksuële omgong''', '''omgong''', "'''de die'''", '''koïtus''' (fan it [[Latyn]]ske ''coitus'', "gearkomste"), '''kopulaasje''' (fan it Latynske ''copulatio'', "ferbining" of "feriening") of (by [[bist]]en) '''pearing'''. Byhearrende [[tiidwurd]]en binne: '''besliepe''', '''bekrûpe''', '''berêde''', '''heevopje''', '''op-en-delderje''', '''ta immen komme''', by bisten '''pearje''' of '''djoeie''' en yn [[bibel]]ske sin '''immen kenne'''. Ut 'e [[sprektaal]] binne fierders noch ferskate as minder [[fatsoen]]lik beskôge tiidwurdsfoarmen bekend, lykas '''neuke''', '''wippe''', '''krikke''', '''krikkrakje''', '''pompe''', '''joepe''', '''jûpse''', '''jûtse''', '''útride''' en '''útwenje'''. [[Eigenskipswurd]]like foarmen dy't by geslachtsmienskip hearre, binne '''geslachtsmienskiplik''' en '''koïtaal'''. As men foar de earste kear geslachtsmienskip hat, sprekt men fan in [[ûntfamming]]. Geslachtsmienskip tusken trije dielnimmers hjit in [[trio (seksualiteit)|trio]]; as der fjouwer of mear dielnimmers by belutsen binne, sprekt men fan [[groepseks]]. It ôftwingen fan geslachtsmienskip tsjin 'e wil fan ien fan 'e partners hjit [[ferkrêfting]].
[[File:Lion sex.jpg|left|thumb|250px|De pearing fan twa [[liuw]]en.]]