Ferskil tusken ferzjes fan "Lyk"

225 bytes grutter ,  4 jier lyn
L
(nije side)
 
L (→‎Wittenskip: noch wat)
 
Yn letter tiid wie it yn guon lannen yn [[West-Jeropa]] wizânsje om 'e liken fan [[deastraf|ta de dea brochte]] [[misdiediger]]s beskikber te stellen foar de wittenskip, mar om't de fraach nei liken altyd folle heger wie as it oanbod, fertsjinnen guon kriminelen sûnder skrupules harren jild mei it opgraven en stellen fan 'e koartby [[beïerdiging|beïerdige]] liken fan brave boargers en dy troch te ferkeapjen oan wittenskiplike ynstellings. Yn dy tiid leauden [[kristendom|kristenen]] dat men in ûnskeind lichem nedich wie foar de [[weropstanning]] út 'e [[dea]] dy't neffens de ''[[Iepenbiering fan Jehannes]]'' oan 'e [[Ein fan de Tiden]] plakfine sil, dat sok [[lykrôvjen]] waard beskôge as in tige slimme [[misdie]].
 
==Ferskaat==
[[Seksueel fetisjisme]] foar minsklike liken hjit [[nekrofily]] of [[nekromany]]; ien dy't dêrmei oanhelle is, wurdt in [[nekrofyl]] neamd. In [[eangstme]] foar liken of de dea yn it algemien is [[nekrofoby]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=