Tsjerke op it Bloed (Jekaterineburch): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Nije Side: {{Ynfoboks bouwurk | namme = Tsjerke op it Bloed ''Храм-на-Крови'' | ôfbylding = Yekaterinburg cathedral on the blood 2007.jpg | ôf...
 
Rigel 36:
== De eksekúsje fan de keizerlike famylje ==
 
Nei de [[Febrewarisrevolúsje (1917)|Febrewarisrevolúsje]] waard de keizerlike famylje fan Ruslân finzen holden yn it Alexander Paleis yn [[Tsarskoje Selo]] bûten [[Sint-Petersburch]]. Om't [[AlexanderAleksander Kerensky]], de lieder fan it tydlike regear fan Ruslân nei de revolúsje, benaud wie foar de feilichens fan de eardere tsaar en de famylje, liet hy de famylje ferhûzje nei it hûs fan de eardere gûverneur fan [[Tobolsk]]. Doe't de bolsjewiken yn 1918 de macht grepen en in boargerkriich útbriek, naam it Presidium it beslút de keizerlike famylje oer te bringen nei Jekaterinenburch, om har fan dêr letter nei Moskou te bringen en harren foar it tribunaal te lieden. Yn Jekaterinenburch hiene de bolsjewiken it grutte stiennen hûs fan Nikolaas Ipatjev útsocht om de famylje ûnder te bringen. It [[Tsjechysk Legioen]], dat oan de kant fan de [[Witen (leger)|Witen]] tsjin de bolsjewiken focht, nadere lykwols Jekaterinenburch en no naam ûnder de bolsjewiken de bangens ta dat de famylje befrijd wurde soe. Lokale bolsjewiken namen doe yn oerlis mei de lieding yn Moskou it beslút om de hiele keizerlike famylje te eksekutearen.
 
Op de betide moarn fan 17 july 1918 waard de hiele keizerlike famylje mei in diel fan it hôfpersoaniel dat trou bleaun wie yn de kelder fan it Ipatjevhûs mei kûgels en bajonetten ombrocht. In lytse wike letter ferovere it Tsjechysk Legioen de stêd.