Twa Moannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 25:
 
Nei de beskamjende nederlaach oan 'e Little Bighorn setten de Amerikanen alles op alles om sa fluch mooglik it Yndiaanske ferset de nekke om te draaien. Twa Moannen wie ien fan 'e lêste fijannige oarlochslieders dy't noch op frije fuotten wie, mar op [[8 jannewaris]] [[1877]] waard er troch [[generaal]] [[Nelson A. Miles]] ferslein yn 'e [[Slach by Wolf Mountain]]. Dat ferlies brocht him der úteinlik ta om him yn april 1877 by [[Fort Keogh]], yn Montana, oan 'e Amerikanen oer te jaan.
[[File:Indian Head Buffalo Obverse.jpg|left|thumb|200px190px|Twa Moannen wie ien fan 'e modellen dy't de [[byldhouwer]] [[James Earle Fraser]] brûkte foar syn ûntwerp fan 'e saneamde ''[[buffalo nickel]]'' ("bizonstoer").]]
 
Neitiid keas er derfoar om as [[ferkenner]] tsjinst te nimmen yn it [[Amerikaanske Leger]], foar deselde generaal Miles dy't him by Wolf Mountain ferslein hie. Twa Moannen hie in oangename persoanlikheid en koe mei hast eltsenien oer de wei. Meitiid rekken hy en Miles befreone, en sadwaande befûn er him begjin [[1879]] yn 'e posysje om in krúsjale rol as midsman te spyljen by de oerjefte, op 'e nij te Fort Keogh, fan 'e Noardlike Sjajinnetroep fan [[Lytse Wolf]]. Nei't dy yn 1877 nei it [[Yndiaansk Territoarium|Yndiaanske Territoarium]] (it hjoeddeiske [[Oklahoma]]) deportearre wiene, hie nammentlik bliken dien dat dêr net genôch iten wie en boppedat hearske der ek noch [[malaria]], dat yn septimber [[1878]] wie in grutte groep Noardlike Sjajinnen ûnder de opperhaden [[Stomp Mês]] en [[Lytse Wolf]] út it reservaat ûntsnapt om, efterfolge troch de Amerikaanske kavalery, werom te kearen nei harren heitelân yn it noarden. (Dit barren stiet bekend as de [[Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen]].)
Rigel 35:
}}
 
[[Kategory:PersoanYndiaansk fanlieder Sjajinskyn komôfNoard-Amearika]]
[[Kategory:Yndiaansk lieder]]
[[Kategory:Persoan yn de Grutte Sû-Oarloch fan 1876]]
[[Kategory:Persoan yn it Wylde Westen]]
[[Kategory:Ferkenner foar it Amerikaanske Leger]]
[[Kategory:Amerikaansk militêr fan Yndiaansk komôf]]
[[Kategory:WyldePersoan Westenfan Sjajinsk komôf]]