Foarnamme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
Rigel 3:
 
==Mear foarnammen==
It komt foar dat persoanen mear as ien foarnamme hawwe. Dêrby steane de foarnammen yn in fêste folchoarde. It hawwen fan twa foarnammen komt in protte foar, en dy wurde wol oaninoar ferbûn mei in [[keppelstreekje]], bgl. [[Gert-Jan Segers]], mar faak ek net, bgl. [[Allard van der Scheer|Allard Jan van der Scheer]]. As se ferbûn wurde troch in streekje, wurde se faak as ien namme behannele en ek as sadanich brûkt. Wurde se net op dy wize ferbûn, dan wurdt ornaris inkeld de earste foarnamme brûkt en de twadde weilitten: [[Allard van der Scheer]]. Soms wurdt ien fan beide foarnammen (meastal de twadde) dan ôfkoarte ta in inisjaal, bgl. [[Albert H. Friedlander]], hoewol't de foarm wêrby't de earste foarnamme ôfkoarte wurdt ta in inisjaal, bgl. "[[G. Willem Abma]]", hiel inkeld ek foarkomt.
 
Yn 'e [[Feriene Steaten]] neamt men in twadde foarnamme in [[middelnamme]], mar dy oantsjutting komt yn [[Nederlân]] eins net foar. Wol kin it wêze dat persoanen mear as twa foarnammen hawwe, in gebrûk dat fral mank de [[adel]] en yn [[roomsk-katolisisme|roomske]] fermiddens oanwaakse kin ta fjouwer of noch mear foarnammen (bgl. [[jhr.]] [[Tjaard Anne Marius Albert van Humalda van Eysinga]]). [[Prins]] [[Bernhard fan Lippe-Biesterfeld|Bernhard]], de man fan [[keninginne]] [[Juliana fan de Nederlannen|Juliana]], hie sels njoggen foarnammen: Bernhard Leopold Frederik Everhard Julius Coert Karel Godfried Pieter prins fan Lippe-Biesterfeld.