Wei: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
oanf
Rigel 1:
[[OfbyldFile:Azriely Center 14SandRoad.JPGjpg|right|thumb|Wei yn250px|In [[Telûnferhurde Avivwei]].]]
In '''wei''' ([[meartal]]: '''wegen'''), yn it [[Klaaifrysk]] almeast '''dyk''' neamd, is in fêste rûte foar [[ferkear]] yn 'e foarm in stripe grûn dy't dêr spesjaal foar reservearre is. Mei 'wegen' bedoeld men ornaris de [[iepenbiere wei]], dy't beheard wurdt troch de [[oerheid]]. Der binne lykwols ek [[eigen wei|eigen wegen]], dy't priveebesit binne. Wegen foarmje in tige wichtich ûnderdiel fan 'e [[ferkearsynfrastruktuer]]. In wei kin dwers troch it [[plattelân]] rinne, mar ek oer in [[ynfrastruktuer|keunstmjittige struktuer]], lykas in [[seedyk]]. De binne twa [[rydbaan|rydbanen]], by smellere wegen ek wol [[weihelte]]n neamd, dy't meastal yn 'e midden fan 'e wei skaat wurde troch in [[weimarkaasje|ûnderbrutsen line]]. De weihelten binne bedoeld foar ferkear dat yn tsjinstelde rjochtings giet. Yn [[Nederlân]] en hast alle oare [[lân|lannen]] yn [[Jeropa]] riidt men rjochts, wat sizze wol dat men oan 'e rjochterkant fan 'e wei bliuwe moat. Yn [[Grut-Brittanje]] en [[Ierlân]], lykwols, [[loftsriden|riidt men lofts]].
In '''Wei''' is in middel om oer lân fan it iene plak nei it oare te kommen.
 
Men hat [[ferhurde wegen]], wêrby't in [[weidek]] fan hurd materiaal lykas [[klinkert]]s of [[asfalt]] oanbrocht is om 'e begeanberheid foar [[fiertúch|fiertugen]] mooglik te meitsjen of te ferbetterjen, mar der besteane ek [[ûnferhurde wei|ûnferhurde wegen]], lykas in [[sânpaad]] of in [[púnreed]]. De earste (mei klinkerts) ferhurde wegen bûten de [[beboude kom]], dy't yn 'e [[njoggentjinde iuw]] oanlein waarden, neamde men [[strjitwei|strjitwegen]]. Yn [[Fryslân]] binne hast alle wegen ferhurde, mar foarhinne wie dat perfoarst net it gefal, en yn [[ûntwikkelingslannen]] bestiet noch altyd in grut part fan it wegenetwurk út ûnferhurde wegen. By in soad [[rein (delslach)|rein]] kin it ferkear troch ûnferhurde wegen djippe [[fuorren]] lûke, dêr't [[wetterplasse]]n yn stean bliuwe. By oanhâldend gebrûk feroaret de hiele wei dan yn ien grutte [[dridze]], dêr't fiertugen yn stykjen bliuwe.
<table bgcolor="#ccffcc" border=1 width=25% cellpadding=2 cellspacing=0 align=left>
[[File:FR maart2007.jpg|left|thumb|250px|In [[ferhurde wei]].]]
<tr><td><br />
 
* [[Wei nei Oerisel]]
As in wei troch in [[doarp]] of [[stêd]] rint, sprekt men almeast fan in [[strjitte]]. Binnen de [[beboude kom]] jildt yn [[Nederlân]] foar [[auto's]] in maksimumsnelheid fan 50&nbsp;[[km]]/[[oere|h]], as it teminsten net oars oanjûn stiet, wat gauris it gefal is. Bûten de beboude kom besteane yn Nederlân yn prinsipe fjouwer soarten wegen, dêr't ferskillende [[ferkearsregel]]s foar jilde. De [[B-wei]] is in lytsere, smellere wei dêr't 60 of 80&nbsp;km/h riden wurde mei, mar net altyd. Sokke wegen hawwe ornaris gjin skieding fan weihelten. De 'gewoane' wei is wat breder as in B-wei en hat faak wol in skieding fan weihelten. De [[maksimumsnelheid]] is der 80 of soms 60&nbsp;km/h. In [[autowei]] is in grutte, trochgeande wei mei in maksimumsnelheid fan 100&nbsp;km/h, en in [[autosnelwei]] is in noch gruttere wei, dêr't men meastal 120, mar soms ek 130&nbsp;km/h ride mei. Autosnelwegen hawwe altyd [[rydbaan|rydbanen]] dy't fan inoar skaat binne troch in [[grienstreek]] en [[fangrail]]s; by autowegen is dat soms ek sa.
</td></tr></table>
 
Binnen de beboude kom hawwe wegen meastal in ferhege en [[tegel|betegele]] stripe njonken de rydbaan dy't bedoeld is foar [[fuotgonger]]s. Sa'n tegelpaad dat by in wei heart, hjit in [[trotwaar]] of stoepe. Soms is der tusken it trotwaar en de wei ek noch in stripe reservearre foar [[fytser]]s: in [[fytspaad]]. Bûten de beboude kom binne fytspaden yn 'e regel fan 'e wegen skaat troch in [[sleat]] of in brede grienstreek om foar te kommen dat auto's en fytsers op inoars paad komme kinne. As in wei in [[oerflaktewetter]] krúst, lykas in [[sleat]], [[opfeart]], [[beek]], [[rivier]] of [[kanaal (wetterwei)|kanaal]], wurdt er der yn 'e regel oerhinne boud yn 'e foarm fan in [[brêge]]. Soms giet er derûndertroch yn 'e foarm fan in [[akwadukt]]. In plak dêr't twa wegen inoar kruse, hjit in [[krúspunt]]. Om [[ferkearsûngemak]]ken foar te kommen, wurde dêr gauris [[ferkearsljocht]]en pleatst of in [[rotonde]] oanlein. Ek is it mooglik om 'e iene wei oer de oare hinne te bouwen yn 'e foarm fan in [[fiadukt]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Road ''References'', op dizze side].
----
{{commonscat|Roads}}
}}
 
[[Kategory:Wei| ]]
[[Kategory:Ferfier]]
[[Kategory:Wegeboukunde]]
[[Kategory:Romtlike oardering]]