Nij-Meksiko: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf
oanf
Rigel 63:
* it [[Ute Mountain Jût Yndianereservaat]] <small>(ek yn [[Kolorado]] en [[Utah]])</small>
* it [[Zia Yndianereservaat]]
 
==Skiednis==
De ierst bekende [[minske|minsklike]] bewenners fan Nij-Meksiko wiene de [[Paleo-Yndianen]] fan 'e [[Clovis-kultuer]]. Letter yn 'e [[prehistoarje]] waard noardlik en sintraal Nij-Meksiko behearske troch de [[Anasazy]], de [[foarâlden]] fan 'e moderne [[Pûeblo-Yndianen]], wylst it suden ta it [[ferspriedingsgebiet]] fan 'e [[Mogollon-kultuer]] hearde. Tsjin 'e tiid dat de earste [[Jeropa|Jeropeänen]] it gebiet berikten, yn 'e midden fan 'e [[sechstjinde iuw]], waard Nij-Meksiko bewenne troch de [[sedintarisme|sedintêre]] Pûeblo-Yndianen en de [[nomadysk]]e [[Navaho (folk)|Navaho]], [[Apachen]] en [[Jût (folk)|Jût]] (''Ute'').
[[File:Map_Anasazi,_Hohokam_and_Mogollon_cultures-en.svg|left|thumb|180px|In [[lânkaart]] mei dêrop oanjûn de [[areaal|fersprieding]] fan 'e [[skiednis|histoaryske]] [[Yndianen|Yndiaanske]] [[kultuer]]en: yn giel de [[Hohokam-kultuer]]; yn grien de [[Mogollon-kultuer]] en yn rôze de [[Anasazy]], de [[foarâlden]] fan 'e hjoeddeiske [[Pûeblo-Yndianen]].]]
 
Fan [[1540]] oant [[1542]] teach de [[Spanje|Spaanske]] ''[[conquistador]]'' [[Francisco Vásquez de Coronado]] troch it gebiet dat letter Nij-Meksiko kaam te hjitten, dêr't er omdôch socht nei de heimsinnige [[Sân Gouden Stêden fan Cibola]], dy't beskreaun wiene troch de [[roomsk-katolisisme|roomske]] [[frater]] [[Marcos de Niza]]. Yn [[1563]] waard de [[namme]] ''Nuevo México'' optocht troch de Spaanske [[ûntdekkingsreizger]] [[Francisco de Ibarra]], dy't it uterste noarden fan 'e [[koloanje]] [[Nij-Spanje]] ferkende op 'e sneup nei [[goud]]minen, en syn befinings foarstelde as 'in nij Meksiko' (d.w.s. in gebiet dat it [[Azteekske Ryk|Ryk fan 'e Azteken]] yn [[rykdom]] belykje koe). Hoewol't letter bliken die dat dat net wier wie, bleau de beneaming stykjen, ek doe't it gebiet yn [[1595]] de status fan [[provinsje]] krige. By syn oanstelling yn [[1598]] bekrêftige de earste [[provinsje|provinsjale]] [[gûverneur]], [[Jean de Oñate]] 'Nij-Meksiko' as de offisjele namme fan 'e [[Santa Fe yn Nij-Meksiko|Provinsje Santa Fe yn Nij-Meksiko]].
 
Datselde jiers, [[1598]], makke Oñate ek in begjin mei de [[kolonisaasje]] fan 'e nije provinsje, troch de stifting fan 'e (no net mear besteande) delsetting San Juan de los Caballeros, oan 'e [[igge]] fan 'e [[Rio Grande]]. Om it gebiet foar kolonisten tagonklik te meitsjen, liet Oñate ''[[El Camino Real de Tierra Adentro]]'' ("De Keninklike Wei fan it Binnenlân") oer in ôfstân fan 1.100&nbsp;km nei it noarden trochlûke, fan [[Santa Bárbara (Chihuahua)|Santa Bárbara]], yn 'e provinsje [[Chihuahua (steat)|Chihuahua]], nei syn eigen ôfhandige provinsje. Yn [[1607]] waard oan 'e foet fan it [[Sangre de Cristo-berchtme]] de [[stêd]] [[Santa Fe (Nij-Meksiko)|Santa Fe]] stifte, dy't foarbestimd wie om 'e [[haadstêd]] fan Nij-Meksiko te wurden.