Haadmenu iepenje

Changes

2.932 bytes added ,  2 jier lyn
oanf
 
Datselde jiers, [[1598]], makke Oñate ek in begjin mei de [[kolonisaasje]] fan 'e nije provinsje, troch de stifting fan 'e (no net mear besteande) delsetting San Juan de los Caballeros, oan 'e [[igge]] fan 'e [[Rio Grande]]. Om it gebiet foar kolonisten tagonklik te meitsjen, liet Oñate ''[[El Camino Real de Tierra Adentro]]'' ("De Keninklike Wei fan it Binnenlân") oer in ôfstân fan 1.100 km nei it noarden trochlûke, fan [[Santa Bárbara (Chihuahua)|Santa Bárbara]], yn 'e provinsje [[Chihuahua (steat)|Chihuahua]], nei syn eigen ôfhandige provinsje. Yn [[1607]] waard oan 'e foet fan it [[Sangre de Cristo-berchtme]] de [[stêd]] [[Santa Fe (Nij-Meksiko)|Santa Fe]] stifte, dy't foarbestimd wie om 'e [[haadstêd]] fan Nij-Meksiko te wurden.
 
De Spaanske kolonisten wisten mei harren heechhertich fanwegen kommen de oars net oarlochssuchtige Pûeblo-Yndianen wolfergoed tsjin har yn it harnas te jeien, mei as gefolch de [[Pûeblo-Opstân]], dy't yn [[1680]] útbriek. Dy [[rebûlje]] wie tige súksesfol, en de Spanjerts wiene twongen om Santa Fe en frijwol al harren oare delsettings yn Nij-Meksiko foar in perioade fan tolve jier op te jaan. Nei de [[dea]] fan 'e Pûeblo-lieder [[Popé]] wist [[Diego de Vargas]] Nij-Meksiko yn [[1692]] lykwols wer ûnder Spaansk bewâld te bringen. Wylst se Santa Fe ta in regionaal [[hannel]]ssintrum ûntjoegen, stiften de weromkearende kolonisten yn [[1706]] út 'e omlizzende delsettings wei [[Albuquerque (Nij-Meksiko)|Albuquerque]], dat útgroeie soe ta de grutste stêd yn 'e provinsje.
[[File:Santa_Fe_of_New_Mexico_(location_map_scheme).svg|right|thumb|220px|De [[provinsje]] Nij-Meksiko as ûnderdiel fan [[Meksiko]] ([[1821]]-[[1848]]).]]
 
Doe't de Spaanske koloanje Nij-Spanje yn [[1821]] syn ûnôfhinklikheid fan it memmelân wûn en ûnder de namme [[Meksiko]] selsstannich waard, gie Nij-Meksiko mei oer nei it nije lân, al lei it dêrbinnen alhiel oan it fuottenein, krektlyk as earder yn Nij-Spanje. Doe't yn [[1836]] de oanbuorjende Meksikaanske [[provinsje Teksas]] ûnder ynfloed fan [[Ingelsk]]talige kolonisten út 'e [[Feriene Steaten]] de ûnôfhinklikheid útrôp en de [[Republyk Teksas]] waard, makke dat nije lân oanspraak op alle gebiet yn 'e provinsje Nij-Meksiko dat eastlik fan 'e [[Rio Grande]] lei. De iennichste wraam dy't de Teksanen op Nij-Meksiko diene, wie lykwols de [[Teksaanske Santa Fe-ekspedysje]] fan [[1841]], dy't folslein mislearre en einige mei it [[kriichsfinzen nimmen]] en opsluten fan it foltallige Teksaanske [[leger]] troch de provinsjale [[milysje]] fan Nij-Meksiko.
 
De uterste noardeastlike stripe fan it moderne Nij-Meksiko hie oarspronklik net by Nij-Spanje heard, mar waard ynstee ta de [[Frankryk|Frânske]] koloanje [[Louisiana (koloanje)|Louisiana]] rekkene, dy't yn [[1863]], by de [[Frede fan Parys (1763)|Frede fan Parys]], yn syn gehiel yn Spaanske hannen kaam. Dêrnei gie Louisiana foar in perioade fan 37 jier op yn Nij-Spanje, oant de Spanjerts it gebiet yn [[1800]] wer weromjaan moasten oan Frankryk. [[Napoleon]] lykwols, dy't it doe yn [[Parys]] foar it sizzen hie, koe fanwegen de [[Grut-Brittanje|Britske]] oppermacht op 'e [[wrâldsee]]ën net folle mei it gebiet, dat yn [[1803]] ferkocht er de koloanje oan in oare fijân fan 'e Britten, de [[Feriene Steaten]], by in transaksje dy't bekendstiet as de [[Louisiana-oankeap]]. Sa wie it uterste noardeasten fan Nij-Meksiko it earste diel fan 'e tsjintwurdige steat dat yn Amerikaanske hannen kaam.
[[File:Adobe pueblo revival.jpg|left|thumb|250px|Nije [[arsjitektuer]] yn [[Santa Fe (Nij-Meksiko)|Santa Fe]] dy't him spegelet oan 'e [[tradysje|tradysjonele]] boustyl fan 'e [[Pûeblo-Yndianen]].]]