Nij-Meksiko: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf
oanf
Rigel 79:
De uterste noardeastlike stripe fan it moderne Nij-Meksiko hie oarspronklik net by Nij-Spanje heard, mar waard ynstee ta de [[Frankryk|Frânske]] koloanje [[Louisiana (koloanje)|Louisiana]] rekkene, dy't yn [[1863]], by de [[Frede fan Parys (1763)|Frede fan Parys]], yn syn gehiel yn Spaanske hannen kaam. Dêrnei gie Louisiana foar in perioade fan 37 jier op yn Nij-Spanje, oant de Spanjerts it gebiet yn [[1800]] wer weromjaan moasten oan Frankryk. [[Napoleon]] lykwols, dy't it doe yn [[Parys]] foar it sizzen hie, koe fanwegen de [[Grut-Brittanje|Britske]] oppermacht op 'e [[wrâldsee]]ën net folle mei it gebiet, dat yn [[1803]] ferkocht er de koloanje oan in oare fijân fan 'e Britten, de [[Feriene Steaten]], by in transaksje dy't bekendstiet as de [[Louisiana-oankeap]]. Sa wie it uterste noardeasten fan Nij-Meksiko it earste diel fan 'e tsjintwurdige steat dat yn Amerikaanske hannen kaam.
[[File:Adobe pueblo revival.jpg|left|thumb|250px|Nije [[arsjitektuer]] yn [[Santa Fe (Nij-Meksiko)|Santa Fe]] dy't him spegelet oan 'e [[tradysje|tradysjonele]] boustyl fan 'e [[Pûeblo-Yndianen]].]]
 
Nei't yn [[1848]] it [[Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo]] in ein makke oan 'e twajierrige [[Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch]], wie Meksiko twongen om syn hiele noardlike grinsregio, wêrûnder ek de provinsje Nij-Meksiko, ôf te stean oan 'e Feriene Steaten. Neitiid joech Teksas by it saneamde [[Kompromis fan 1850]] yn ruil foar in bedrach fan [[$]]10 miljoen syn oanspraken op it eastlik diel fan Nij-Meksiko op, sadat op [[9 septimber]] [[1850]] it [[Territoarium Nij-Meksiko]] stifte wurde koe. Dêrta hearde net inkeld de tsjintwurdige steat Nij-Meksiko, mar ek de steat [[Arizona]], it uterste súdeasten fan [[Nevada]] en in stripe fan súdlik [[Kolorado]]. Yn [[1853]] skaften de Feriene Steaten fierders troch de saneamde [[Gadsden-oankeap]] fan Meksiko it tsjintwurdige Arizona besuden de rivier de [[Gila (rivier)|Gila]] en de [[Hakke fan Nij-Meksiko]] oan, in gebiet dat doe ek ta it [[territoarium (Feriene Steaten)|territoarium]] kaam te hearren.
{{wrapper}}
|[[File:Wpdms Arizona Territory 1860 ZP.svg|thumb|right|220px|It Territoarium Nij-Meksiko fan [[1850]] oant [[1866]] (de pearze omlining jout it diel fan it territoarium oan dêr't de [[Konfederearre Steaten fan Amearika|Konfederaasje]] ûnder de [[Amerikaanske Boargeroarloch|Boarger-oarloch]] oanspraak op makke).]]
|-
|[[File:New Mexico Territory 1866 ZP.svg|thumb|right|220px|It Territoarium Nij-Meksiko fan [[1886]] oant [[1912]].]]
|-
|}
 
Under de [[Amerikaanske Boargeroarloch]] ([[1861]]-[[1865]]) spile Nij-Meksiko in lytse rol yn it [[front bewesten de Mississippy yn de Amerikaanske Boargeroarloch|front bewesten de Mississippy]], om't de [[Amerikaanske Suden|Súdlike]] [[Konfederearre Steaten fan Amearika]] oanspraak makken op 'e súdlike helte fan it Territoarium Nij-Meksiko (in gebiet dat oan 'e grins fan [[Kalifornje]] ta rikte). De Konfederaasje besocht dêr in eigen territoarium te foarmjen, dat [[Territoarium Arizona (Konfederearre Steaten fan Amearika)|Arizona]] komme moast te hjitten (net te betiizjen mei it lettere Amerikaanske territoarium mei dy namme).
 
Under de ambisjeuze [[Nij-Meksikokampanje]] foelen Konfederearre [[troepen]] út [[Teksas]] ûnder lieding fan [[generaal]] [[Henry Hopkins Sibley]] it gebiet begjin [[1862]] binnen. Koarte tiid letter waard dat leger lykwols yn noardlik Nij-Meksiko nei de [[Slach by Glorieta Pass]] twongen ta in weromtocht, wêrby't ûnderweis werom nei Teksas yn [[april]] by Albuquerque in efterhoedegefjocht plakfûn mei [[Feriene Steaten|Noardlike]] troepen ûnder [[kolonel]] [[Edward R.S. Canby]], dat bekend kaam te stean as de [[Slach by Albuquerque]]. Hoewol't Nij-Meksiko dêrnei beset holden waard troch Noardlike troepen út [[Kolorado]] en [[Kalifornje]], holden de Súdliken oan mei fanút Teksas yn it gebiet te operearjen, en guon Konfederearre legerienheden fierden oant de ein fan 'e Boargeroarloch de flagge fan it Konfederearre Territoarium Arizona. Dêrfoaroer stie dat sa'n 8.000 man út Nij-Meksiko ûnder de Boargeroarloch yn it [[Noardlike Leger]] tsjinnen.