Nij-Meksiko: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf
oanf
Rigel 91:
 
Under de ambisjeuze [[Nij-Meksikokampanje]] foelen Konfederearre [[troepen]] út [[Teksas]] ûnder lieding fan [[generaal]] [[Henry Hopkins Sibley]] it gebiet begjin [[1862]] binnen. Koarte tiid letter waard dat leger lykwols yn noardlik Nij-Meksiko nei de [[Slach by Glorieta Pass]] twongen ta in weromtocht, wêrby't ûnderweis werom nei Teksas yn [[april]] by Albuquerque in efterhoedegefjocht plakfûn mei [[Feriene Steaten|Noardlike]] troepen ûnder [[kolonel]] [[Edward R.S. Canby]], dat bekend kaam te stean as de [[Slach by Albuquerque]]. Hoewol't Nij-Meksiko dêrnei beset holden waard troch Noardlike troepen út [[Kolorado]] en [[Kalifornje]], holden de Súdliken oan mei fanút Teksas yn it gebiet te operearjen, en guon Konfederearre legerienheden fierden oant de ein fan 'e Boargeroarloch de flagge fan it Konfederearre Territoarium Arizona. Dêrfoaroer stie dat sa'n 8.000 man út Nij-Meksiko ûnder de Boargeroarloch yn it [[Noardlike Leger]] tsjinnen.
 
Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch waard it oarspronklike Territoarium Nij-Meksiko yn [[1866]] midstwa spjalten yn twa lytsere mar ûngefear likegrutte territoaria, Nij-Meksiko en [[Territoarium Arizona|Arizona]]. Tagelyk waard de súdpunt fan [[Nevada]] oan dy steat tawiisd. By it [[Kompromis fan 1850]] wie de hjoeddeiske grins tusken Nij-Meksiko en Teksas fêstlein. Dêrby waard troch in flater fan in [[lânmjitter]] de [[Permian-dobbe]], de stêd [[El Paso (Teksas)|El Paso]] ynbegrepen, tawiisd oan Teksas. It Territoarium Nij-Meksiko makke jierrenlang om 'e nocht oanspraak op dat gebiet, oant it der yn [[1911]] fan ôfseach ûnder de kampanje om as folweardige steat yn 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske Uny]] opnommen te wurden. Dat barde op [[6 jannewaris]] [[1912]], wêrmei't Nij-Meksiko de 47e steat fan 'e Feriene Steaten waard.
[[File:Wheeler_Pk_from_Valle_Vidal.jpg|left|thumb|250px|[[Wheeler Peak]], it heechste punt fan Nij-Meksiko.]]
 
Yn [[1928]] brocht de ûntdekking fan [[ierdoalje]] [[wolfeart]] yn Nij-Meksiko, mar benammen yn [[Lea County (Nij-Meksiko)|Lea County]] en it stedsje [[Hobbs (Nij-Meksiko)|Hobbs]], dêr't de earste oaljeboarne oanboarre wie. Dy produsearre sânhûndert [[fet (ierdoalje)|fetten]] deis en wie oant [[2002]] yn produksje. Under de [[Twadde Wrâldoarloch]] waard yn Nij-Meksiko te [[Los Alamos (Nij-Meksiko)|Los Alamos]] yn it dêr fêstige [[Nasjonaal Laboratoarium Los Alamos]] de [[atoombom]] útfûn, dy't foar it earst test waard op 'e [[Trinity site]], yn 'e Nijmeksikaanske [[woastyn]] tusken [[Socorro (Nij-Meksiko)|Socorro]] en [[Alamogordo (Nij-Meksiko)|Alamogordo]], op wat no it [[Militêr Oefenterrein White Sands]] is.