Haadmenu iepenje

Changes

3.608 bytes added ,  2 jier lyn
oanf
 
Yn [[1928]] brocht de ûntdekking fan [[ierdoalje]] [[wolfeart]] yn Nij-Meksiko, mar benammen yn [[Lea County (Nij-Meksiko)|Lea County]] en it stedsje [[Hobbs (Nij-Meksiko)|Hobbs]], dêr't de earste oaljeboarne oanboarre wie. Dy produsearre sânhûndert [[fet (ierdoalje)|fetten]] deis en wie oant [[2002]] yn produksje. Under de [[Twadde Wrâldoarloch]] waard yn Nij-Meksiko te [[Los Alamos (Nij-Meksiko)|Los Alamos]] yn it dêr fêstige [[Nasjonaal Laboratoarium Los Alamos]] de [[atoombom]] útfûn, dy't foar it earst test waard op 'e [[Trinity site]], yn 'e Nijmeksikaanske [[woastyn]] tusken [[Socorro (Nij-Meksiko)|Socorro]] en [[Alamogordo (Nij-Meksiko)|Alamogordo]], op wat no it [[Militêr Oefenterrein White Sands]] is.
 
==Bestjoer==
Nij-Meksiko bestiet bestjoerlik út 33 [[county (Feriene Steaten)|countys]]. De [[haadstêd|steatshaadstêd]], [[Santa Fe (Nij-Meksiko)|Santa Fe]], leit yn [[Santa Fe County (Nij-Meksiko)|Santa Fe County]], sitewearre yn it middennoarden fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Nij-Meksiko bestjoerd troch in [[regear|steatsregear]] mei oan it haad de [[gûverneur]]. De [[wetjaande macht]] is yn 'e hannen fan it [[Legislatuer fan Nij-Meksiko]], dy't bestiet út 'e Steatssenaat mei 42 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 70 sitten. Yn 'e [[Amerikaanske Senaat]] wurdt Nij-Meksiko, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 [[senator]]s. Yn it [[Amerikaanske Hûs fan Offurdigen]] hat Nij-Meksiko 3 sitten.
[[File:Santa_Fe_NM.jpg|right|thumb|250px|[[Santa Fe (Nij-Meksiko)|Santa Fe]], de [[haadstêd]] fan Nij-Meksiko.]]
 
It [[polityk|politike lânskip]] fan Nij-Meksiko wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske [[politike partij]]en, de [[Demokratyske Partij (Feriene Steaten)|Demokratyske Partij]] en de [[Republikeinske Partij (Feriene Steaten)|Republikeinske Partij]]. Alle oare partijen spylje mar in marginale rol. Nij-Meksiko wurdt beskôge as in [[swingsteat]], dêr't sawol de Demokraten as de Republikeinen by [[ferkiezing]]s in mearderheid winne kinne. Hoewol't it fierhinne in [[plattelân]]sgebiet is en plattelânsbewenners meast op 'e Republikeinske Partij stimme, wurdt dat feit yn it gefal fan Nij-Meksiko yn lykwicht holden troch in oar feit, nammentlik dat in grut part fan 'e [[befolking]] út [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino's]] bestiet, dy't trochstrings op 'e Demokratyske Partij stimme.
 
==Ekonomy==
It [[Bruto Nasjonaal Produkt|bruto steatsprodukt]] fan Nij-Meksiko lei yn [[2010]] op [[$]]80 miljard. Yn [[2007]] bedroech it bruto steatsprodukt omrekkene per lid fan 'e [[befolking]] $31.474. De [[ekonomy]] fan 'e steat moat it benammen hawwe fan 'e [[lânbou]], de [[ierdoalje|oalje]]yndustry en it [[toerisme]], hoewol't der yn 'e krite om [[Albuquerque (Nij-Meksiko)|Albuquerque]] ek in protte [[high-tech]]yndustry is, benammen op it mêd fan 'e [[loftfeart|loft]]- en [[romtefeart]]. Ek binne der yn 'e steat in protte [[callcenter]]s fêstige. Wat de oalje-yndustry oangiet, is Nij-Meksiko de op twa nij grutste oaljeprodusearjende steat fan 'e Feriene Steaten. Yn [[2006]] kaam fan alle Amerikaanske ierdoalje 3,4% út Nij-Meksiko, en fan alle [[ierdgas]] 8,5%.
[[File:Albuquerque_Balloon_Fiesta_2011.JPG|left|thumb|250px|It [[Albuquerque International Balloon Fiesta]], in [[ballonfeest]] dat jierliks yn [[Albuquerque (Nij-Meksiko)|Albuquerque]] holden wurdt.]]
 
Mar wylst de wichtigens fan oalje en gas stadichoan ôfnimt, waakst it [[toerisme]] krekt oan. Toeristen besykje Nij-Meksiko benammen fanwegen de [[natoer]]skientme. De [[dripstien]][[grot]]ten fan it [[Nasjonaal Park Carlsbad Caverns]], by [[Carsbad (Nij-Meksiko)|Carsbad]], en it [[wyt|wite]] [[sân]] fan it [[Nasjonaal Monumint White Sands]], by [[Alamogordo (Nij-Meksiko)|Alamogordo]], nimme dêr in wichtich plak by yn. Oare grutte publykslûkers binne de histoaryske [[Yndianen|Yndiaanske]] delsettings, de ''[[pueblo|pueblo's]]'', en de Yndiaanske [[kasino's]]. Fierders komt der in soad folk ôf op it [[Albuquerque International Balloon Fiesta]], in [[ballonfeest]] dat jierliks yn [[Albuquerque (Nij-Meksiko)|Albuquerque]] holden wurdt, lûkt ek [[Roswell (Nij-Meksiko)|Roswell]] in protte toeristen, dêr't yn [[1947]] in [[bûtenierdske wêzens|bûtenierdsk]] [[romteskip]] [[UFO-ynsidint fan Roswell|delstoart wêze soe]].