Haadmenu iepenje

Changes

5.508 bytes added ,  2 jier lyn
oanf
 
Mar wylst de wichtigens fan oalje en gas stadichoan ôfnimt, waakst it [[toerisme]] krekt oan. Toeristen besykje Nij-Meksiko benammen fanwegen de [[natoer]]skientme. De [[dripstien]][[grot]]ten fan it [[Nasjonaal Park Carlsbad Caverns]], by [[Carsbad (Nij-Meksiko)|Carsbad]], en it [[wyt|wite]] [[sân]] fan it [[Nasjonaal Monumint White Sands]], by [[Alamogordo (Nij-Meksiko)|Alamogordo]], nimme dêr in wichtich plak by yn. Oare grutte publykslûkers binne de histoaryske [[Yndianen|Yndiaanske]] delsettings, de ''[[pueblo|pueblo's]]'', en de Yndiaanske [[kasino's]]. Fierders komt der in soad folk ôf op it [[Albuquerque International Balloon Fiesta]], in [[ballonfeest]] dat jierliks yn [[Albuquerque (Nij-Meksiko)|Albuquerque]] holden wurdt, lûkt ek [[Roswell (Nij-Meksiko)|Roswell]] in protte toeristen, dêr't yn [[1947]] in [[bûtenierdske wêzens|bûtenierdsk]] [[romteskip]] [[UFO-ynsidint fan Roswell|delstoart wêze soe]].
 
==Demografy==
Neffens in offisjele rûzing troch it [[Amerikaanske Folkstellingsburo]] (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske [[folkstelling]] fan [[2010]]) hie Nij-Meksiko yn [[2014]] 2.085.572 ynwenners, wat in groei fan 1,28% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn [[2010]]. De [[befolkingstichtens]] bedroech yn [[2014]] 6,6 [[minske]]n de km². Fan 'e befolking fan Nij-Meksiko wie yn [[2010]] 51,4% [[berne]] yn Nij-Meksiko sels, wylst 37,9% berne wie yn in oare Amerikaanske steat, 1,1% yn [[Porto Riko]] of oare Amerikaanske territoaria, en 9,7% yn it bûtenlân.
[[File:New Mexico population map.png|right|thumb|210px|[[Befolkingstichtens]] yn Nij-Meksiko.]]
 
De grutste [[stêd]] fan 'e steat is [[Albuquerque (Nij-Meksiko)|Albuquerque]], mei goed 550.000 ynwenners yn [[2012]]. Oare gruttere stêden binne: [[Las Cruces (Nij-Meksiko)|Las Cruces]] (101.000), dat tsjin 'e súdgrins mei [[Teksas]] oan leit en diel útmakket fan 'e [[stêdekloft]] fan [[El Paso (Teksas)|El Paso]]; [[Rio Rancho (Nij-Meksiko)|Rio Rancho]] (92.000), in [[foarstêd]] fan Albuquerque; de [[haadstêd|steatshaadstêd]] [[Santa Fe (Nij-Meksiko)|Santa Fe]] (70.000); en it [[ufo]]logysk sintrum [[Roswell (Nij-Meksiko)|Roswell]] (49.000).
 
===Etnisiteit===
Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske [[folkstelling]] fan [[2010]] wie de [[etnyske groep|etnyske]] opbou fan 'e Nijmeksikaanske [[befolking]] doe sa: 46,3% [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino's]]; 40,5% [[jeropide ras|blanken]]; 9,4% [[Yndianen]]; 2,1% [[negroïde ras|swarten]]; 1,4% [[Aazje|Aziaten]]; 0,1% [[Polyneezje|Polyneziërs]], [[Melaneezje|Melaneziërs]] en [[Mikroneezje|Mikroneziërs]]; 0,2% oaren of fan mingd etnysk komôf. [[jeropide ras|Blanke Nijmeksikanen]] binne fierhinne fan [[Noardwest-Jeropa|Noardwest]]- en [[Midden-Jeropa|Middenjeropeeske]] orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen [[Dútsers]] (9,8% fan 'e totale steatsbefolking) en [[Ingelsen]] (7,2%).
 
De [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino's]] foarmje yn Nij-Meksiko de grutste [[befolking]]sgroep, mar net de mearderheid fan 'e befolking. Wol is harren persintaazje fan 'e befolking fan Nij-Meksiko (46,3%) it heechste fan alle [[Amerikaanske steaten]]. It meastepart fan harren (83%) is lânseigen yn 'e steat; d.w.s. dat harren [[foarâlden]] der al wennen doe't Nij-Meksiko yn [[1848]] by de [[Feriene Steaten]] kaam te hearren. De mearderheid fan 'e Nijmeksikaanske Latino's beweart [[ôfstamming|ôf te stamjen]] fan 'e oarspronklike [[Spanje|Spaanske]] kolonisten dy't har yn 'e [[16e iuw|sechstjinde]], [[17e iuw|santjinde]] en [[achttjinde iuw]] yn 'e krite nei wenjen setten. Dizze saneamde [[Hispano's fan Nij-Meksiko]] libje tsjintwurdich benammen yn it noardlike part fan 'e steat. Latino's yn súdlik Nij-Meksiko binne faker resinte [[ymmigrant]]en út [[Meksiko]] (16,3%) en [[Midden-Amearika]] wei.
 
De Yndianen fan Nij-Meksiko binne benammen [[Navaho (folk)|Navaho]], [[Apachen]] en [[Pûeblo-Yndianen]]. Nij-Meksiko hat ien fan 'e grutste [[Yndianen|Yndiaanske]] befolkings fan alle [[Amerikaanske steaten]]. Yn absoluten termen wenje allinnich yn [[Kalifornje]], [[Oklahoma]] en [[Arizona]] mear Yndianen as yn Nij-Meksiko, en prosintueel meitsje Yndianen yn Nij-Meksiko nei [[Alaska]] it grutse oanpart yn 'e befolking út fan alle Amerikaanske steaten. Fan gefolgen is sawol de ynfloed fan 'e Latino's as dy fan 'e Yndianen sichtber yn 'e [[flagge]] fan Nij-Meksiko, dy't mei [[read]] en [[giel]] de [[tradysje|tradysjonele]] [[Spanje|Spaanske]] [[kleur]]en hat, mei as sintraal [[symboal]] it [[sinne]]-embleem fan 'e [[Zia Pûeblo]].
[[File:Albuquerque Downtown South.png|right|thumb|250px|[[Albuquerque (Nij-Meksiko)|Albuquerque]], de grutste [[stêd]] fan Nij-Meksiko.]]
 
Nij-Meksiko omfiemet 24 [[List fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenning|federaal erkende Yndianestammen]].
{| class="vatop"
|
* de [[Fort Sill Apache Stamme]] <small>(ek yn [[Oklahoma]])</small>
* de [[Pûeblo fan Acoma]]
* de [[Pûeblo fan Cochiti]]
* de [[Pûeblo fan Isleta]]
* de [[Pûeblo fan Jemez]]
* de [[Jikarylla Apache Naasje]]
* de [[Pûeblo fan Laguna]]
* de [[Meskalearo Apache Stamme]]
* de [[Pûeblo fan Nambe']]
* de [[Navaho Naasje]] <small>(ek yn [[Arizona]] en [[Utah]])</small>
* de [[Pûeblo fan Picurís]]
* de [[Pûeblo fan Pojoaque]]
| width=25 |
|
* de [[Pûeblo fan San Felipe]]
* de [[Pûeblo fan San Ildefonso]]
* de [[Pûeblo fan San Juan]] <small>(ek wol bekend as ''Ohkay Owingeh'')</small>
* de [[Pûeblo fan Sandia]]
* de [[Pûeblo fan Santa Ana]]
* de [[Pûeblo fan Santa Clara]]
* de [[Santo Domingo Pûeblo]]
* de [[Sûny Stamme]]
* de [[Pûeblo fan Taos]]
* de [[Pûeblo fan Tesuque]]
* de [[Ute Mountain Jût Stamme]] <small>(ek yn [[Kolorado]] en [[Utah]])</small>
* de [[Pûeblo fan Zia]]
|}
[[File:NMSU Zuhl 2008.JPG|right|thumb|250px|De Steatsuniversiteit fan Nij-Meksiko.]]
Dizze stammen hawwe elts har eigen [[Yndianereservaten]], op 'e Fort Sill Apache Stamme nei, dy't oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde iuw]] nei [[Oklahoma]] [[deportaasje|deportearre]] waard, mar no besiket om him wer yn syn âlde heitelân te fêstigjen. Fierders waarden yn [[2007]] de [[Genízaro (folk)|Genízaro]] troch de Legislatuer fan Nij-Meksiko erkend as in lânseigen groep, wat de wei frijmeitsje moat foar de úteinlike erkenning fan in Genízaro-stamme [[List fan Amerikaanske Yndianestammen mei erkenning op steatsnivo|op steats-]] of mooglik [[List fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenning|op federaal nivo]].