Striidkrêften: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L +synonym
Rigel 1:
[[File:Countries by soldier count.svg|right|thumb|300px|De [[lân|lannen]] fan 'e wrâld nei oantallen aktive leden fan 'e striidkrêften.]]
De '''striidkrêften''' (komt allinnich yn meartalsfoarm[[meartal]]sfoarm foar), ek wol de '''kriichsmacht''' of it '''leger''' neamd, binne de troch de [[oerheid]] ynstelde [[militêr|militêre organisaasje]]s fan in [[lân]]. Dy besteane om it [[polityk|politike belied]] fan it regear fan harren lân te ûnderstypjen yn [[oarloch]] (troch oanfal en/of ferdigening), mar ek yn [[frede]]stiid. Dêrby is it yn beskerming nimmen fan it regear fan harren lân en fan dat lân sels tsjin sawol bûtenlânske as binnenlânske agressors it wichtichste doel. Sadwaande hjit it [[ministearje]] dat oer de kriichsmacht giet, hjoed de dei yn 'e regel it [[definsje|Ministearje fan Definsje]], en sprekt men, as men it oer de striidkrêften hat, ek wol koartwei fan '''definsje''' (fan it [[Latyn]]ske ''defensa'', "beskerming", fia it [[Frânsk]]e ''défense''). Yn guon lannen omfetsje de striidkrêrften behalven militêre ek [[paramilitêr|paramilitêre organisaasjes]]. Ornaris besteane de striidkrêften lykwols út trije haadûnderdielen
*de [[lânmacht]], foar striid op it [[grûn|lân]];
*de [[marine]], foar striid op [[see]];