Ambassadeur: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
L + etymology
 
Rigel 1:
[[File:Hans Holbein the Younger - The Ambassadors - Google Art Project.jpg|thumb|right|200px|It [[skilderij]] ''De Ambassadeurs'', fan [[Hans Holbein de Jongere]].]]
In '''ambassadeur''' ([[frou]]like foarm: '''ambassadrise''') is in offisjele gesant, yn 't bysûnder de [[diplomasy|diplomaat]] mei de heechste rang dy't it regear of de [[soevereiniteit|soeverein]] fan 'e iene [[steat (lân)|steat]] fertsjintwurdiget yn it regearingssintrum fan 'e oare steat, en foar de belangen fan syn thússteat en de boargers fan syn thússteat opkomt. Ek de heechse gesanten by wichtige ynternasjonale organisaasjes, lykas de [[Feriene Naasjes]], wurde ambassadeurs neamd. Bûten diplomatike fermiddens om wurdt de term ek wol ynformeel brûkt om lju oan te tsjutten dy't harren [[berop]], [[sport]] of oare aktiviteit yn 'e [[media]] fertsjintwurdigje sûnder dat se yn dy posysje oansteld binne.
 
==Etymology==
'Ambassadeur' is in [[lienwurd]] út it [[Frânsk]], dat it ûntliende oan it [[Alditaljaansk]]e ''ambassatore'' of ''ambassadore'', dat fan it [[Aldprovansaalsk]]e ''ambaisador'' ‎kaam. Dat wie in [[ferbûging (taalkunde)|ferbûging]] fan ''ambaissa'', dat "tsjinst", "missy" of "boadskip" betsjutte, dat wer ûntliend wie oan it [[Goatysk]]e 𐌰𐌽𐌳𐌱𐌰𐌷𐍄𐌹, ''andbahti'' ("tsjinst", "funksje"), fan it [[Proto-Germaansk]]e *''ambahtiją'' ‎("tsjinst", "hoedanichheid"), in ôflieding fan it Proto-Germaanske *''ambahtaz'' ‎("tsjinstfeint"). Dat wie wer ûntliend oan it [[Gallysk]]e ''ambaxtos'', fan it [[Proto-Keltysk]]e *''ambaxtos'' ‎("tsjinstfeint"). Uteinlik giet it [[wurd]] 'ambassadeur' sa werom op it [[Proto-Yndo-Jeropeesk]]e *''h₂mbʰi-h₂eǵ-'' ‎("omhinne driuwe"), fan *''h₂mbʰi-'' ‎("omhinne") en *''h₂eǵ-'' ‎("driuwe").<ref>[https://en.wiktionary.org/wiki/ambassador#English It lemma ''ambassador'' op Wiktionary]</ref>
 
==Diplomasy==
Line 10 ⟶ 13:
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
----
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Ambassador ''Notes and references'' en ''Bibliography'', op dizze side].
}}
Line 16 ⟶ 21:
[[Kategory:Diplomasy]]
[[Kategory:Berop]]
[[Kategory:Lienwurd út it Frânsk]]