Ferskil tusken ferzjes fan "Ambassade"

125 bytes grutter ,  4 jier lyn
kt
(kt)
[[File:Be Dutch Embassy 01.JPG|right|thumb|250px|De [[Nederlân]]ske ambassade yn [[Dútslân]] ([[Berlyn]]).]]
In '''ambassade''' (fan it [[Frânsk]]e ''ambassade''; sjoch foar fierdere [[etymology]]: [[ambassadeur]]) is in [[diplomasy|diplomatike]] fertsjintwurdiging fan ien [[lân]] yn in oar lân, dy't laat wurdt troch in [[ambassadeur]]. Mei de oantsjutting 'ambassade' kin it eigentlike [[gesantskip]] (besteande út diplomatyk personeel) bedoeld wêze, mar der wurdt ek wol inkeld it [[gebou]] mei bedoeld dêr't dat gesantskip yn húsfêste is. Meastal wurdt lykwols sawol it gesantskip as it gebou bedoeld. Ambassades befine har yn 'e regel yn 'e [[stêd]] dêr't it regear fan it gastlân syn sit hat. Dat hoecht net altyd ek de [[haadstêd]] te wêzen; yn [[Nederlân]], bygelyks, binne de measte bûtenlânske ambassades yn [[De Haach]] fêstige. Yn grutte gastlannen hat it thúslân soms njonken in ambassade ek noch ien of mear [[konsulaat (diplomasy)|konsulaten]], dat legere diplomatike fertsjintwurdigings binne. As lannen in problematyske relaasje hawwe en dêrom gjin ambassadeurs útwikselje, kin it foarkomme dat in konsulaat de heechste diplomatike fertsjintwurdiging is. Ambassades falle bestjoerlik ûnder it Ministearje fan Bûtenlânske Saken fan it thúslân.
 
==Doelen en omstannichheden==
[[Kategory:Diplomasy]]
[[Kategory:Bouwurk]]
[[Kategory:Lienwurd út it Frânsk]]