208.048
bewurkings
L (red) |
L (korr) |
||
[[File:Zeitschriften.JPG|right|thumb|250px|In rek mei tydskriften yn in winkel.]]
In '''tydskrift''' of '''blêd''' (de [[Ingelsk]]e beneaming '''''magazine''''' komt ek foar) is in periodyk ferskinende [[publikaasje]] dy't per [[
Tradysjoneel wurde tydskriften op papier drukt, mar der besteane hjoed de dei ek tydskriften dy't inkeld yn [[digitaal tydskrift|digitale foarm]] ferskine. Tydskriften ûnderskiede har fan [[krante]]n troch de frekwinsje fan ferskinen, mar fral ek troch it hawwen fan in [[omslach]] en in ynhâldlike [[tema]]tyk dy't faak wol ferbân hâldt mei it [[nijs]] fan 'e [[dei]], mar dêr net mei lykslein wurde kin. Wat de frekwinsje fan ferskinen oangiet, besteane der rûchwei trije soarten tydskriften: it '''wykblêd''', dat ienris yn 'e [[wike]] útkomt; it '''moanneblêd''', dat ienris yn 'e [[moanne (tiid)|moanne]] publisearre wurdt; en tydskriften dy't noch minder faak publisearre wurde, bygelyks ienris yn it fearnsjier ('''fearnsjierblêd'''), ienris yn 'e fjouwer moannen of ienris yn it jier ([[jierboek]]). Tydskriften kinne oan alderhanne ûnderwerpen wijd wêze, fan 'e [[aktualiteit]] ([[opinyblêd]]en) oant [[lifestyle]] ([[glossy|glossys]]), en fan [[religy]] (tsjerkebledsjes) oant [[neakenfotografy]] ([[neakenblêd]]en) en [[pornografy]] ([[pornoblêd]]en). In tige behyplik yydskrift dat faak mar út ien of twa [[bledside|siden]] bestiet, neamt men ek wol in [[nijsbrief]].
|