Numeri: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
L [[]]
Rigel 26:
| ISBN oers. =
}}
'''''Numeri''''' (in [[Latyn]]ske namme dy't in oersetting is oan it [[Gryksk]]e '''Ἀριθμοί''', ''Arithmoi'', dat "Nûmers" of "Getallen" betsjut), yn it oarspronklike [[Hebriuwsk]]: '''במדבר''', '''''Ḇamidḇar''''' ("Yn de Woastyn"), is it fjirde boek yn sawol de [[joadendom|joadske]] as de [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]. Yn 'e joadske ''[[Tenach]]'' falt it ûnder de ''[[Torah]]'' (de "Leare" of "Wet"); yn it [[Alde Testamint]] fan 'e kristlike Bibel falt it ûnder de ''Wet''. ''Numeri'' beskriuwt hoe't de [[Israeliten]] nei fjirtich jier yn 'e woastyn omdoarme te hawwen einlik oan 'e grinzen fan it Unthjitten Lân fan [[Kanaän]] komme te stean. It boek is dêrmei de hichtepunt fan 'e úttocht út Egypte (beskreaun yn ''[[Exodus]]'') en it ferbûn dat [[God]] mei de [[aartsfaar]]s oangien wie (yn ''[[Genesis]]''). Neffens de tradysje soe de [[profeet]] [[Mozes]] de [[skriuwer]] fan it boek wêze, mar út 'e tekst kinne bibelwittenskippers opmeitsje dat it pas nei de ein fan 'e [[Babyloanyske Ballingskip]], yn 538 f.Kr., troch in preesterlike redigearring syn úteinlike foarm krigen hat. Dêrfoar wie der nei gedachten al iuwenlang oan wurke troch in opienfolging fan skriuwers. De âldste tekstlaach, dy't de [[Jahwist]] neamd wurdt, datearret mooglik út it regear fan 'e [[Israel (keninkryk)|Israelityske]] kening [[Salomo]], om [[950 f.Kr.]] hinne. De earste folsleine [[Frysk]]e oersetting fan ''Numeri'' stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dy't yn [[1943]] útkaam.
 
==Ynhâld==