Yslânsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
LNo edit summary
Rigel 3:
It Yslânsk heart tegearre mei it [[Faeröersk]] ta de westlike of eilân-Skandinavyske talen. It is net sûnder mear te ferstean foar sprekkers fan 'e Skandinavyske talen fan it fêstelân: [[Noarsk]], [[Sweedsk]] en [[Deensk]].
 
It Yslânsk wurdt mei it [[Latynske alfabet]] skreaun, wêryn't ferskillende tekens tafoege binne: ''Áá'', ''Éé'', ''Íí'', ''Óó'', ''Úú'', ''Ýý'', ''Ðð'' (''edh''), ''Þþ'' (''thorn''), ''Ææ'' en ''Öö''. De alfabetyske folchoarder is: A Á B (C) D Ð E É F G H I Í J K L M N O Ó P (Q) R S T U Ú V (W) X Y Ý (Z) Þ Æ Ö.
 
De spesjale letter ''thorn'' ([[þ]]) jout de klank wer dy't men ek tsjinkomt as de ''th'' yn bygelyks it Ingelske ''think'' (ûngefear as de [[Gryksk]]e letter Θ (''theta''), en de ''eth'' ([[ð]]) is dêr de stimhawwende fariant fan (as de ''th'' yn it Ingelske ''that'' of de Grykske letter Δ (''delta)''), lykwols stiet de letter ''ð'' yn it Yslânsk noait oan it begjin, noch de letter ''þ'' aanoan itde ein fan in wurd. De ''thorn'' komt út it âlde [[runen]]alfabet.
 
De letters ''c'', ''q'', ''w'' en ''z'' wurden net brûkt, behalve foar wurden en namen fan net-Yslânske ôfkomst. Fjirder klinke i en y gelyk, sa as ek í en ý. De yn ûnbrûk rekke z klinkt as s, krekt as in alle Noardgermaanske talen.
Op it earste wurdlid fan in wurd leit de klam.
 
Yslân waard tusken 800 en 1000 befolke fanút West-[[Noarwegen]]. It Yslânsk hat him ûntwikkele út it [[Aldnoarsk]]. Yn Noarwegen kamen, krekt as yn 'e rest fan it Germaanske taalgebiet, yn 'e iuwen dêrnei grutte taalferoaringen ta stân, al of net feroarsake troch de yntinsive kontakten mei de [[Nederdútsk]] sprekkende hannelsmannen fan de [[Hânze]], mar op it ôfhandige Yslân kaam dat sawat net foar en bleaunenbleaune de wurdskat en it bûgingssysteem frijwol ûnferoare. De útspraak is wol feroare. It Yslânsk besit in oantal fonemen dy't seldsum binne yn oare Europeeske talen, bygelyks in stimleaze ''l'', ''n'', ''m'' en ''r''.
 
YnDat yn it Yslânsk is it âlde Skandinavyske bûgingssysteem dus noch hielendal yntakt. Alle haadwurden, byfoechlike naamwoorden[[eigenskipswurd]]en, lidwurden[[lidwurd]]en, oanwyzjende foarnamwurden, besitlike foarnamwurden, eigen nammen, (rang)telwurden ensafuorthinne wurde bûge yn fjouwer namfallen, dy't foar alle trije wurdgeslachten aparte foarmen kinne. Dêrneist kent it Yslânsk noch sterke en swakke bûgingen.
 
TerAs yllustraasje folget hjir de bûging fan it ûnregelmjittige manlik wurd fjörður, 'fjord'.
 
{| class="wikitable"
Rigel 33:
It bepaald lidwurd wurdt, lykas yn oare Skandinavyske talen, efter it haadwurd plakt (''oangehecht lidwurd''), wêrtrochst foarmen krije kist as ''fjarðarins'' 'fan 'e fjord', ''fjörðunum'' 'oan 'e fjorden'. It ûnbepaald lidwurd hat it Yslânsk net. Fjörður kin dus sawol 'fjord' as 'in fjord' betsjutte.
 
In opfallend kenmerkskaaimerk fan it Yslânsk is it sterke [[taalpurisme|purisme]], dat in grutte ynfloed hân hat op 'e ûntwikkeling fan de taal. Wêr de oare Germaanske talen oerspield waarden mei lienwurden út it [[Frânsk]] en [[Latyn]], en de fêstelân-Skandinavyske talen boppedat mei lienwurden út it [[Nederdútsk]], hat men yn Yslân hieltyd probearre de beneaming fan nije begripen út 'e boarne fan erfwurden te heljen. It Yslânsk is in rike taal, fanwege de protte iuwen [[sêge]]literatuer. Dêrtroch koene faak fergetten wurden út it ferline naam wurde om nije begripen oan te tsjutten. Sa waard 'telefoan' ''sími'', nei in âld wurd foar 'trie', en 'skerm' (byldskerm, kompjûterskerm) ''skjár'', nei in âld wurd foar 'finster'.<br />
De lêste jierren nimt it oantal lienwurden lykwols ta yn it Yslânsk.