Ferskil tusken ferzjes fan "Donau"

22 bytes lytser ,  3 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee
De '''Donau''' is de langste [[rivier]] fan de [[Jeropeeske Uny]] en nei de [[Wolga]] de twadde langste fan [[Jeropa]] <ref>(Danube Basin) CPDR - [[Ynternasjonale Kommissy ta Beskerming fan de Donau]]) [http://www.icpdr.org/icpdr-pages/river_basin.htm]</ref> Hy ûntspringt yn it [[Swarte Wâld]] yn [[Dútslân]] nei de gearfoeging fan de [[Brigach]] en de [[Breg]] yn de [[Donaueschingen]]. Dêrwei rint er stadichoan nei it easten ta, troch Sintraal- en Súdeast-Jeropa by stêden del lykas [[Wenen]], [[Bratislava]], [[Boedapest]] en [[Belgrado]] foardat hy, nei 2888 km, metten fan it begjin fan de [[Breg]], oer [[Roemeenje]] yn de [[Swarte See]] útmûnet.
 
De Donau rivier is mingd, betsjut it wurdt fiedenfuorre troch sawol teiwetter en rein.
 
It [[ekonomy]]sk belang fan de Donau is grut. De wichtichste ekonomyske aktiviteiten binne de skipfeart, de fiskerij en it toerisme. Yn 1992 waard de Donau middels it [[Main-Donaukanaal|Ryn-Main-Donaukanaal]] mei de [[Main]] en de [[Ryn]] ferbûn. Sadwaande ûnstie der in nije farrûte tusken de [[Noardsee]] en de [[Swarte See]].
81.094

bewurkings