Orkaan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L + etymology tyfoan
Rigel 8:
;Etymology
It [[Frysk]]e wurd "orkaan" is fia it [[Nederlânsk]]e ''orkaan'', it [[Ingelsk]]e ''hurricane'' en it [[Spaansk]]e ''huracán'' ôfkomstich út 'e taal fan 'e [[Taïno (folk)|Taïno]]-[[Yndianen]] fan [[Porto Riko]]. Dy leauden nammentlik dat de [[god]] [[Jurakán]] de machten fan it kwea regearre fanôf syn residinsje op 'e [[Lytse Antillen]], dêr't syn grime út en troch oanwoeks ta orkaanwinen.
 
It Fryske wurd "tyfoan" komt út it [[Sineesk]], fan ''tai fung'', "grutte wyn" ([[Ferienfâldige Sineesk]]: 台风; [[Tradysjoneel Sineesk]]: 颱風; [[pinyin]]-transliteraasje: ''táifēng''), of mooglik út it [[Perzysk]], fan word توفان, ''tūfān'', "stoarm". It wurdt mooglik achte dat sawol de Sineeske as de Perzyske foarm oarspronklik fan it [[Aldgryksk]]e Τυφῶν, ''Tuphôn'' komme, dat in [[reus (mytysk wêzen)|reus]] út 'e [[Grykske mytology]] wie dy't sizzenskip oer de [[wyn (waar)|wyn]] hie.
 
{{Boarnen|boarnefernijing=