Nij-Ingelân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
L red
Rigel 1:
[[File:USA New England.png|right|thumb|300px|De lokaasje fan Nij-Ingelân yn 'e [[Feriene Steaten]].]]
'''Nij-Ingelân''' ([[Ingelsk]]: '''''New England''''') is in regio yn it uterste noardeasten fan 'e legere 48 steaten fan 'e [[Feriene Steaten]], dy't foarme wurdt troch seis [[Amerikaanske steaten]]: [[Fermont]], [[KonnetikutKonettikut]], [[Maine]], [[Massachusetts]], [[Nij-Hampshire]] en [[Rhode Island]]. De krite wurdt yn it noarden begrinzge troch de [[Kanada|Kanadeeske]] [[Kanadeeske provinsjes en territoaria|provinsje]] [[Kebek (provinsje)|Kebek]]; yn it easten troch de Kanadeeske provinsje [[Nij-Breunswyk]] en troch de [[Atlantyske Oseaan]]; yn it suden troch de [[See-ingte fan Long Island]], in see-earm fan 'e Atlantyske Oseaan; en yn it westen troch de Amerikaanske steat [[New York (steat)|New York]].
[[File:New_England_pine_flag.svg|left|thumb|200px|De tradysjonele flagge fan Nij-Ingelân.]]
 
It gebiet omfettet it grutste part fan 'e ierste [[Ingelân|Ingelske]] delsettings yn [[Noard-Amearika]], en is it meast op [[Jeropa]] lykjende diel fan 'e [[Feriene Steaten]], sawol kwa [[romtlike oardering]] en [[arsjitektuer]] as wat de mentaliteit fan 'e ynwenners oangiet. Hoewol't de namme Nij-Ingelân gjin offisjele geografyske oantsjutting is, wurdt de term noch altiten rûnom brûkt om 'e mienskiplike kultuer, [[sosjology]], [[ekonomy]], [[etnyske groep|etnysk]] erfskip, [[geografy]] en [[floara]] en [[fauna]] fan 'e seis steaten oan te jaan, of gewoan as in ôfkoarting sadat men al dy relatyf lytse steatsjes net hoecht op te neamen.
[[File:New_England_pine_flag.svg|left|thumb|200px|De tradysjonele flagge fan Nij-Ingelân.]]
 
==Skiednis==
De ierste [[kolonisaasje]] fan it gebiet fûn plak yn [[1620]], doe't oan 'e kust de [[Plymouth-koloanje]] stifte waard. Tsien jier letter sette in groep [[puriteinen]] him nei wenjen yn [[Boston]], dêr't se Massachusetts stiften. Yn [[1633]] fûn de earste kolonisaasje fan KonnetikutKonettikut plak, en yn [[1636]] dy fan Rhode Island. Fermont, Nij-Hampshire en Maine hearden earst lange tiid ta Massachusetts, en makken har dêr pas letter fan los, mei Maine as lêste, yn [[1820]]. Oardel iuw lang spilen de Nijingelânske kolonisten in wichtige rol yn 'e oanhâldende oarloggen fan 'e [[Grut-Brittanje|Britten]] tsjin 'e [[Frankryk|Frânsen]] en harren [[Yndianen|Yndiaanske]] bûnsgenoaten, om 'e hegemony yn [[Noard-Amearika]], oant de Frânsen yn [[1863]] definityf frijwol al harren koloniale besittings dêre opjaan moasten.
 
Koarte tiid letter ûntstie der yn 'e Nijingelânske koloanjes ferset tsjin it besykjen fan it Britske parlemint om nije belestings op te lizzen sûnder dat de fertsjintwurdigers fan 'e kolonisten dêr yn kend wiene. De ''[[Boston Tea Party]]'' wie in protest wêrby't kolonisten ferklaaid as Yndianen de ladingen [[tee]] fan ferskate Britske skippen yn 'e haven fan Boston oerboard smieten. Dêrop reägearre it Britske regear mei in rige strafmaatregels, wêrûnder it ferstellen fan it selsbestjoer fan 'e Nijingelânske koloanjes, dy't de kolonisten de "Net te Fernearen Wetten" (''Intolerable Acts'') neamden. Uteinlik late it konflikt yn [[1775]] ta [[Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch|in iepen oarloch]], wêrby't yn [[1776]] de Britske autoriteiten út 'e koloanjes ferdreaun waarden en de ûnôfhinklikheid útroppen waard. Dat wie it oanbegjin fan 'e [[Feriene Steaten]], dy't yn [[1783]] troch Grut-Brittanje as selsstannich lân erkend waarden.
Rigel 12:
 
==Kultuer==
Neitiid fûnen guon fan 'e earste en wichtichste bewegings fan 'e Amerikaanske [[literatuer]], [[filosofy]] en [[keunst]] harren oarsprong yn Nij-Ingelân. De beide wichtichste en meast prestizjeuze [[universiteiten]] fan 'e Feriene Steaten binne fêstige yn Nij-Ingelân (de [[Universiteit fan Harvard]], te [[Cambridge (Massachusetts)|Cambridge]], yn Massachusetts, en de [[Universiteit fan Yale]], te [[New Haven (KonnetikutKonettikut)|New Haven]], yn KonnetikutKonettikut). De regio wie de earste yn 'e Feriene Steaten dy't omfoarme waard troch de [[Yndustriële Revolúsje]]. Tsjintwurdich is it in sintrum fan kultuer, [[ûnderwiis]], [[technology]], [[genêskunde]] en it [[bank (jild)|bank]]- en [[fersekering]]swêzen, mei de stêd [[Boston]] as wichtichste agglomeraasje. Sûnt [[1970]] is Nij-Ingelân yn polityk opsjoch in bolwurk wurden fan 'e [[Demokratyske Partij (Feriene Steaten)|Demokratyske Partij]] en fan ûnôfhinklike kandidaten; de [[Republikeinske Partij (Feriene Steaten)|Republikeinen]] krije der mar selden mear foet oan 'e grûn.
 
==Demografy==
De seis steaten fan Nij-Ingelân hawwe mei-inoar (neffens in offisjele skatting út [[2013]]) in befolking fan likernôch 14.620.000 minsken op in mienskiplik oerflak fan 186.459 km², wat in befolkingstichtens fan 78,4 minsken de km² opsmyt. De befolking is fierhinne fan [[Noard-Jeropa|Noardjeropeesk]] komôf, mei in oansjenlik groep dy't [[Súd-Jeropa|Súdjeropeeske]] foarâlden hat. Neffens sifers út [[2006]]-[[2008]] binne de tolve grutste [[etnyske groep]]en: de [[Ieren (folk)|Ieren]] (20,5%), [[Frânsen]] en [[Frânsk-Kanadezen]] (10,3%), [[Italjanen]] (13,7%), [[Ingelsen]] (13,0%), [[Dútsers]] (8,2%), [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino's]] (7,9%), [[Poalen (folk)|Poalen]] (5,5%), [[Afro-Amerikanen]] (5,3%), [[Portegezen]] (3,4%), [[Skotten]] (3,0%), [[Ulstersen]] of Noardierske protestanten (2,0%) en [[Russen]] (1,7%). De Frânsen en Frânsk-Kanadezen binne benammen sterk fertsjintwurdige yn it noarden fan Maine, Nij-Hampshire en Fermont; yn noardlik Maine libbet in tradysjonele [[Frânsk]]talige minderheid dy't in beskate erkenning fan 'e steatsoerheid genietet. De Portegezen binne fral konsintrearre yn Rhode Island, wylst Boston en omkriten fan âlds in Iersk bolwurk wiene en de Italjanen benammen yn westlik KonnetikutKonettikut libje. De oarspronklike, lânseigen bewenners, de [[Yndianen]], meitsje tsjintwurdich noch mar in te ferwaarleazgjen persintaazje fan 'e Nijingelânske befolking út.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Rigel 21:
}}
 
[[Kategory:Nij-Ingelân| ]]
[[Kategory:Regio yn de Feriene Steaten]]
[[Kategory:Geografy fan Fermont]]
[[Kategory:Geografy fan KonnetikutKonettikut]]
[[Kategory:Geografy fan Maine]]
[[Kategory:Geografy fan Massachusetts]]