Frânsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 16:
taalkoade ISO 639-3/DIS = fra |
}}
 
It Frânsk ('''français''') is tredde op 'e list fan oantal sprekkers op'e [[Romaanske talen|Romaanske]] taallist, nei it [[Spaansk]] en [[Portegeesk]], wurdt it Frânsk sprutsen troch meiinoar 270 miljoen minsken. Foar sa'n 80 miljoen minsken is Frânsk de memmetaal. De boarne fan it Frânsk is it [[Latyn]], mar der binne ek in soad [[Aldgrykske]] lienwurden yn 'e taal. Histoarysk sjoen hat it Frânsk trije foarmen hân: it [[Aldfrânsk]], it [[Midfrânsk]] en it [[Nijfrânsk]].
 
Line 38 ⟶ 37:
=== Ynternasjonale amts- en wurktaal ===
It Frânsk is in amts- of wurktaal by ferskate ynternasjonale organisaasjes (bgl. de [[Europeeske Uny]], Ynternasjonnale Olympyske Kommisje, Wrâld Hannel Organisaasje, [[Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje]], FIFA, [[Afrikaanske Uny]], ESA, Ynterpol ensfh.) en it is ien fan de seis offisjele talen fan de [[Feriene Naasjes]] en syn organisaasjes.
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Map Gallia Tribes Towns.png|thumb|Galje yn de tiid fan [[Caesar]] (58 f. Kr.)]]
Yn [[Galje]] wienen trije folken mei elk in eigen taal: De [[Kelten]] yn it midden (troch de Romeinen Galjers neamd), de Aquitani yn it súdwesten en de Belgjers yn it noarden. De Romanisearring fûn yn twa fasen plak. Mei it ûntstean fan de Romeinske provinsje [[Gallia Narbonensis]] waard it [[Latyn]] yn Súd-Frankryk yntroduseard. Fan 58 f. Kr. ôf ferovere [[Julius Caesar]] it noarden fan Galje yn de [[Gallyske Kriech]]. Nei de ferovering folge de fersprieding fan it Latyn nei it noarden.
 
De âldst oerlevere Frânske skriften komme út de [[9e iuw]]. It âldste dokumint yn it Frânsk is it ''Unthjit fan Straasboarch'', dy't nei alle wierskyn ek troch it gewoane folk begrepen wurde moast. Fan de [[12e iuw]] ôf is der sprake fan in literêre kultuer. De measte Frânske teksten fan foar de 14e iuw binne skreaun yn de súdlike dialekten, it [[Oksitaansk]] as ek de ''Langue d'Oc''. Yn it ''Edikt fan Villers-Cotterêts'', dat yn [[1539]] opsteld is, waard it Frânsk as ferplichte bestjoerstaal ynsteld. Dat wurke yn it foardiel fan de ''Langue d'Oïl'', de noardlike fariant fan it Frânsk, want it noardlike [[Parys]] wie doe al sa'n tûzen jier it nasjonale en sintrale bestjoerssintrum. Yn dy tiid waard, krekt as by oare Europeeske nasjonale talen, in begjin makke mei it standardisearjen fan de grammatika en it gearstallen fan wurdboeken.
 
Yn 1635 waard de [[Académie française]] oprjochte. Dêrmei krige de steat Frankryk it foech oer it standardisearjen fan de Frânske taal. De 'Gouden Iuw' fan it Frânsk wie de 17e iuw, benammen troch literêre wurken fan [[Pierre Corneille|Corneille]], [[Jean Racine|Racine]] en [[Molière]]. Yn de 18e iuw makke it Latyn yn wittenskiplike publikaasjes hieltyd mear romte foar it Frânsk, wat geunstich wurke op de helderheid en krektens fan de taal.
 
De moderne Frânske stavering ûntstie, krekt as de [[Ingelsk]]e, gruttendiels oan 'e ein fan de [[midsiuwen]]. Sûnt is de útspraak bot feroare, dat de skriuwwize komt faak net mear oerien mei de sprektaal. Hja ferdútst wol de talige sitewaasje fan de midsiuwen. Doe waarden alle einletters ek noch útsprutsen (''filles'' waard útsprutsen sa't it skreaun waard), de ''ai'' en de ''oi'' noch wienen noch wide twilûden en de ''ou'' klonk mear as ''oow''.
 
=== Tiidrekken ===
De histoaryske ûntwikkelingsfasen fan de Frânske taal wurde oanjûn mei trije tiidrekken:
* ''Aldfrânsk'' (sa likernôch oant de [[13e iuw]]);
* ''Midfrânsk'' (oant de [[16e iuw]])
* Nijfrânsk.
 
== Sjoch ek ==