Suëven: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 8:
Yn de [[4e ieu]] waarden de Sueben troch de [[Hunnen]] ferdreaun en foelen sy yn [[406]], nei it behelle fan de oerwinning yn de [[slach by Mainz]] it [[Romeinske Ryk]] yn. Tegearre mei de [[Fandalen]] lûke sy troch [[Galje]] hinne, rjochting [[Spanje]] en kaamen der oan yn [[409]]. Under lieding fan kening [[Hermerik]] († [[438]]) stiften sy in eigen ryk yn de Romeinske provinsje [[Gallaecia]] yn Spanje. Hjir gongen de Sueben foar in grut part oer nei it [[kristendom|Arianisme]], in kristlik leauwens.
 
Under kening [[Rechila]] ([[438]]-[[448]]) koenen de Sueben harren ryk utwreide mei [[Baetica]] en [[Sevilla]]. Sy fersloegen derby de lêstste Romeinske legers en doe de Fandalen nei [[Afrika (Romeinske Ryk)|Afrika]] fuort lûke, wienen sy in skoftlang boppemachtig. Dit hichtepunt duore mar koart, want de opfolger fan Rechila, syn soan [[Rechiar]], waard yn [[456]] ferslein troch de [[Fisigoaten]] ûnder lieding fan [[Theoderik II]] yn de [[slach oan de Urbicus]]. Hjirnei waarden de Sueben in skoft bestjoerd troch harren oerwinners.
 
Al gauris lokte it de Sueben harren unôfhinklikhied werom te krijen. Sy waarden wer troch harren eigen kenings bestjoerd mar moasten wol in grut part fan Spanje ôfstean oan de Fisigoaten en bleau sy under Fisigoatyske ynfloed stean. Yn [[465]] gongen de Sueben alligearre oer ta it [[katholyk|roomske]] leauwens.