kt
(nije side) |
(kt) |
||
'''Ekskommunikaasje''' of '''yn de ban dwaan''' is yn [[kristendom|kristlike]] [[tsjerke|tsjerklike]] fermiddens de heechste foarm fan [[bestraffing]], wêrby't in [[tsjerke]]lid troch it [[tsjerke]]bestjoer út 'e mienskip
In ferneamd gefal fan ekskommunikaasje die him yn 'e [[Midsiuwen]] foar, nei't der in skeel ûntstien wie tusken [[paus]] [[Gregoarius VII]] en de [[Hillige Roomske Ryk|Hillige Roomske]] [[keizer]] [[Hindrik IV fan it Hillige Roomske Ryk|Hindrik IV]] oer de saneamde [[ynvestituerstriid|ynvestituer]] (koartsein: wa fan har beiden oft yn it [[Hillige Roomske Ryk]] [[biskop]]pen beneame mocht). Yn [[1076]] late dy rûzje ta de ekskommunikaasje fan Hindrik IV troch de paus, wêrnei't de keizer de fernederjende [[Gong nei Canossa]] meitsje moast om him oan Gregoarius te ûnderwerpen. Fan 'e [[Reformaasje]] ôf ferlear it wapen fan 'e ekskommunikaasje lykwols oan macht; de [[tsjerke]]herfoarmer [[Marten Luther]], dy't yn [[1521]] ekskommunisearre waard, sette neitiid gewoan syn eigen [[Lutherske Tsjerke]] op, en fielde gjin oanstriid om him mei de paus te fermoedsoenjen.
[[Kategory:Tsjerkerjocht]]
[[Kategory:Bestraffing]]
[[Kategory:Ferballing]]
|