Italjaansk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 25:
 
=== Taal en dialekten ===
It standert-Italjaansk hat him ûntwikkele út it dialekt dat yn de [[14e iuw]] sprutsen waard yn [[Toskane]] (de omkriten fan [[FlorenseFlorâns (stêd)|FlorenseFlorâns]]). Yn dat dialekt skreau [[Dante Aligiery]] syn [[Divina Commedia]]. Oars as faaks tocht wurdt, binne de dialekten yn Itaalje net ôflaat fan it standert-Italjaansk, mar komme se allegearre fuort út it fulgêr Latynsk.
 
De ferskate dialekten ferskile nochal fan it standerd-Italjaansk. Foar de komst fan de telefyzje koenen de measte Italjanen allinnich har eigen pleatslik dialekt sprekke en koenen sy har ûnderling amperoan ferstean en begripe.
 
Op [[Korsika]] en parten fan [[Sardynje]] wurde dialekten sprutsen dy't in soad lykje op dy fan de fêstewal, mar dy't om kultuerele redenen faak sjoen wurde as op himsels steande talen, útsein it Logudoreesk dat yn alle gefallen wol as in aparte taal beskôge wurdt.
 
=== Skrift ===