Abraham (aartsfaar): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] komt ea noch wol
Rigel 1:
[[File:Orazio Riminaldi - The sacrifice of Isaac.jpg|thumb|300px|It offer fan Abraham's soan Izak (neffens in skilderij fan [[Orazio Riminaldi]])]]
'''Abraham''' ([[Hebriuwsk]] אברהם) is in wichtich persoan yn it [[Alde Testamint]] en wurdt sjoen as de âldste [[aartsfaar]] fan it folk fan Israël. Syn ferhaal wurdt beskreaun yn it bibelboek [[Genesis (bibelboek)|Genesis]]. Tegearre mei syn soan Izaäk en Jakob heart Abraham ta de aartsfaars, dy't de foarâlders fan de tolve stammen fan Israêl binne.
Rigel 10:
Dêr krige Abram de opdracht fan God om fierder te gean nei it lân dat God him wize soe. Syn heit Têrach libbe doe al net mear. God ûnthiet Abram in manmachtich neiteam en in segen te wurden foar alle folken. Abram wie doe fiifensantich jier.
 
[[File:Tissot Sarai Is Taken to Pharaoh's Palace.jpg|thumb|left|250px|Sarai wurdt nei it paleis fan de farao broch (Neffens in wurk fan [[James Tissot]])]]
[[File:Presentation-d-agar-a-abraham---jules-richomme.jpg|thumb|left|250px|Sarai bringt Hagar nei Abraham (Neffens in skilderij fan [[Jules Richomme]])]]
[[File:Abraham y los tres ángeles.jpg|thumb|left|250px|Abraham en de trije ingels ([[Giovanni Battista Tiepolo]])]]
Yn Kanaän sei de Heare: dit is it lân dat Ik dy jaan sil. Mar it lân waard teheistere troch honger en Abram moast fierder lûke en kaam yn it lân fan [[Egypte]] oan. Om't Abram benaud wie dat hy dêr wolris fermoarde wurde koe, sa't de Egyptners der mei syn noch kreaze frou Sarai fan troch gean koene, sei Abram tsjin syn frou dat hja har mar foar Abram's suster moast útjaan. En yndied, Sarai makke grutte yndruk op de Egyptners en de farao naam Sarai yn syn hûs en makke fan har saneamde broer Abram in ryk man. It hûs fan de farao waard lykwols dêrnei troffen troch slim ûnk en doe't de farao fernaam dat Abram der wat yn om liicht hie en Sarai net in suster, mar de frou fan Abram wie, liet de farao Abram by him komme en krige hy de opdracht om mei Sarai en al wat hja fierder besieten op te pakken. Abram teach mei syn folk doe rjochting Bet-El. Mar dêr krigen de hoeders fan Abram en Lot spul meiïnoar en om fierdere eskalaasje tefoaren te kommen besletten Abram en Lot om útinoar te gean. Lot keas foar it fruchtbere Jordaandelte by [[Sodom en Gomorra]] en Abram naam it mear westlike diel fan Kanaän yn de omkriten fan Hebron.