Damaskus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Flagge
sjoch oerlis
Rigel 27:
'''Damaskus''' ([[Arabysk]]: دمشق,''Dimasjq'' of ''(Dimasjq) al-sham'') is de [[haadstêd]] fan [[Syrje]]. It is ien fan de âldste steden op 'e wrâld en miskien wol de âldste. Der wennen om-ende-by 1,5 miljoen minsken (2005). Yn de folksmûle hiet de stêd Sjam.
 
De stêd leit yn in tige grutte en fruchtbere [[oaze]] en hat har bestien te tankjen oan de rivier [[Barada (rivier)|Barada]], dy't de oaze fan wetter foarsjocht. Troch har lizzing, oan de râne fan in skrok gebiet, wurdt Damaskus nei alle gedachten yn ferbân brocht mei de [[Hof fan Eden]]. Net allinnich it ferhaal oer it [[Paradys]], mar ek inIn protte oare foarfallen út de [[Bibel]] soenen yn en rûnom Damaskus plak hawwe fûn. Hjir deade [[Kaïn]] syn broer [[Abel]], waard [[Abraham]] berne en fûnen [[Maria]] en [[Jozef]] in skûlplak. De fuotstappen fan de [[profeet]] [[Mohammed]] binne yn de foarstêd fan Damaskus te sjen, [[Paulus (apostel)|Paulus]] waard ûnderweis nei de stêd bekeard en it haad fan [[Jehannes de Doper]] waard yn dizze stêd fereare. Dat [[aureool]] fan hillichheid is altiten om Damaskus hingje bleaun, ek doe't de stêd har wichtige politike en religieuze posysje al lang ferlern hie.
 
== Skiednis ==