Suo jure: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
L red
Rigel 1:
'''''Suo jure''''' (útspr.: ['suo: 'ʒu:re], likernôch: "sûo zjoere") is in [[Latyn]]ske útdrukking dy't letterlik "yn syn/har eigen rjocht" betsjut. Dizze útdrukking wurdt ornaris brûkt yn 'e kontekst fan [[adel|aadlike]] [[aadlike titel|titels]], wêrby't [[frou]]lju yn it ferline yn 'e regel de titel fan harren [[oarehelte|man]] dielden. Dus as de [[greve]] fan [[Hollân]] [[troude]] mei de [[dochter]] fan 'e greve fan [[Flaanderen]], om mar in foarbyld te jaan, dan krige de [[breid]] by it [[houlik]] as [[gemalinne]] fan 'e greve fan Hollân de titel 'grevinne fan Hollân'. Dat woe lykwols net sizze dat se dan ek lykfol hokker regearingsfoech hie, want dat wie net sa. Mar soms, as der gjin [[man (sekse)|manlike]] erfgenamten wiene, folge in [[dochter]] har [[heit]] op en hie dan wol regearingsfoech. Om dat ferskil oan te jaan, wurdt dan ''suo jure'' tafoege, of ek wol it [[eigenskipswurd]] 'regearjend'. Dus om in foarbyld te jaan: [[Jakoba fan Beieren]] wie regearjend grevinne fan Hollân of grevinne fan Hollân ''suo jure''.
 
{{boarnen|boarnefernijing=