Jeropeeske Sintrale Bank: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: thumb|Euroteken bûten it haadkantoar fan de JSB yn Frankfurt De '''Jeropeeske Sintrale Bank'' (JSB) is ien fan de meast wichtige banken op 'e wrâld, ferantwurdli...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 20 jun 2007 om 20.37

De 'Jeropeeske Sintrale Bank (JSB) is ien fan de meast wichtige banken op 'e wrâld, ferantwurdlik foar monetêre wetjouwing foar de 13 lidsteaten fan de eurosône.

Euroteken bûten it haadkantoar fan de JSB yn Frankfurt

De JSB is op 1 juny 1998 oprjochte mei it haadkantoar yn Frankfurt, Dútslân.

Struktuer en organisaasje

De organisaasje fan de JSB is basearre op dat fan de Dútske Bundesbank en Landesbanken.

De JSB wurdt regeard troch in bestjoer fan direkteuren, mei oan it haad in presidint, en in bestjoerskolleezje, dy't bestiet út leden fan it bestjoer fan direkteuren en fertsjinwurdigers fan lokale sintrale banken yn it Jeropeesk Systeem fan Sintrale Banken (JSSB).

Banken

It Jeropeesk Systeem fan Sintrale Banken is gearstald troch de Jeropeeske Sintrale Bank, en de lokale sintrale banken fan de 27 lidsteaten fan de Jeropeeske Uny. Om dizze reden is it monetêre bewâld fan it Euro-gebiet/Eurosysteem in gearstalling fan de JSB en de bestjoeren fan nasjonale banken yn it Euro gebiet.

Missy

It JSB en the bredere JSSB hawwe ta doel "it noedzjen fan ekonomyske stabiliteit" yn de euro sône, om û.o. de ynflaasje leech te hâlden. Op it stuit besykje se de ynflaasje leech te hâlden, mar wol om de 2% hinne.

Mei de doelstelling ekonomyske stabiliteit, moat de bank it ekonomyske belied fan de Jeropeeske Uny te stypjen. Dat belied is der kaam om in heech nivo fan wurkgelegenheid en djoersume en net-ynflatôre ekonomyske groei te hoedzjen yn it ramt fan kêst 2 fan it Ferdrach fan de Jeropeeske Uny (ek wol it Ferdrach fan Maastricht).

Taken

De haadtaak fan de JSB is it tapassen fan monetêre wetjouwing foar it euro gebiet yn neifolging fan de doelen lyk as hjir boppe beskreaun. De aktuele monetêre wetjouwing kinst op de JSB hiemside fine.

Keppeling om utens