Kalyf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L typfl
kt
 
Rigel 3:
It kalifaat kaam, nei de earste fjouwer kalifen, dêr't [[Aly ibn Abû Talyb|Aly]] (656-661) de lêste fan wie, yn hannen fan de dynasty fan de [[Omajjaden]] (661-750), ferfolgens yn hannen fan de [[Abbasiden]], dy't lykwols nei goed [[940]] gjin wrâldske macht mear besieten. In Omajjadenprins, [[Abd al-Rahman]] stifte yn [[756]] in dynasty te [[Kordoba]] yn Spanje. Hy soe letter ek de kalyftitel oannimme, likegoed as de sjityske dynasty fan de [[Fatimiden]] dat diene dy't yn [[926]] Egypte oermasteren. Neidat de Mongoalen Bagdad ferwoaste hiene, festige yn [[1285]] in sydtûke fan de Abbasiden har oan it hof fan de [[Mamelukken]]. Hja soene dy titel yn [[1517]] oerdragen hân hawwe oan de Turkske sultans fan it [[Osmaanske Ryk]] dy't it kalifaat útoefene bliuwe soene oant [[1922]] doe't de lêste fertsjintwurdiger fan dy dynasty ôfsetten waard. Twa jier letter waard it kalifaat opheft.
 
[[Kategory:Kalyf| ]]
[[Kategory:Kalifaat| ]]
[[Kategory:Monarch]]
[[Kategory:Islam]]
[[Kategory:Titulatuer yn de islam]]