Pannoanje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
skiednis
Rigel 2:
 
'''Pannoonje''' (''Latynk'': '''Pannonia''') wie in Romeinske provinsje. It gebied waard oan de westkant troch de [[Alpen]] en lâns de noard- en eastkant troch de [[Donau]] begrinze. It komt om-ende-by oerien mei it tsjintwurdige West-Hongarije, Eastenryk en de streek tusken de [[Drava]] en de [[Sava]] ([[Slavoonje]] yn it tsjintwurdige Kroaasje plus oangrinzende gebieten yn Sloveenje en Servje).
 
==Skiednis==
===De Romeinske oermastering===
De Romeinen hawwe it gebiet ferneamd nei de oarspronklike bewenners, de ''Pannoniërs'' (''Pannonii''), in [[Illyriërs|Illyrysk]] folk, dat in proatte beynfloede wie troch de omhinne wenjende Keltyske stammen.
 
De lettere keizer [[Augustus]], dy't doe noch Oktavianus hiete, luts fan út de provinsje [[Illirikum]] yn [[35 f. Kr.]] op tsjin de Pannoniërs. Hy hie sukses en besette [[Sisak]] (''Siscia''). It gebiet wie noch net hielendal oermastere en it soe oant [[9. f. Kr.]] duoarje foar de Romeinen de Pannoniërs ferslein hienen. It nij oermastere gebiet waard tafoege oan Illyrikum mei de Donau as grins.
 
Yn [[6|6 n. Kr.]] kamen de Pannoniërs yn opstân ûnder twa lieders dy't beide [[Bato]] as namme hienen. De opstân wurdt de grutte [[Pannonyske Opstân]] neamd en duoarre trije jier. Der waard swier fjochtsjen en de
opstannelings koenen pas ferslein wurde nei in hurde kampanje troch it leger, oanfiere troch [[Tiberius]] en [[Germanikus]].
 
Nei de oerwinning waard Illyricum yn [[9|9 n. Kr.]] opdield yn twa parten: te witten de ''provinciae Pannonia en Dalmatia'', dy’t beide troch in ''lânfoogd'' fan konsulaire stân beheare waard. De fermoedlike reden wie de oanwezigens fan in grut leger fan sâwn legioenen. Keizer Augustus woe net dat ien gouverneur hjir kontrôle oer hie.
 
 
[[kategory:Romeinske provinsje]]