Weser: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L robot Erbij: br:Weser
Theun (oerlis | bydragen)
kat oanpast ( berjocht taheakje?)
Rigel 11:
De '''Weser''' is in rivier yn [[Dútslân]], de grutste dy't yn dat lân begjint en einiget (yn de [[Noardsee]]). De Weser draacht dy namme fan [[Hannoversch Münden]] ôf, wêr't de [[Werra]] (298 km, boarne yn it [[Thüringer Wâld]]) en de [[Fulda (rivier)|Fulda]] (218 km, boarne yn de [[Rhön]]) gearfloeie. De nammen Weser en Werra geane werom op deselde stamme en feitlik is de Werra dan de boppeloop fan de Weser.
 
Weser en Werra binne tegearre 730 km lang en mei de Fulda en harren [[SyrivierSydrivier en ôftakking|sydrivieren]] fiere se it wetter ôf út in gebiet fan 46.306 km², in gebiet dat grutter is as Nederlân. It grutste part dêrfan leit yn [[Nedersaksen]]. In bysûnderheid is it sydrivierke de Else. Dizze takket ôf yn in saneamde [[bifurkaasje]] fan de [[Hase]], dy't sels nei de Iems ta streamt.
 
Fan Hannoversch Münden oant de [[Porta Westfalica]] by [[Minden]] streamt de rivier troch it [[Weserberchlân]] en hjit dan de Boppe-Weser (205 km). By Porta Westfalika brekt de rivier troch de lêste heuvelrêch dy't dêr oan de westkant fan de Weser it [[Wiehenberchtme]] en oan de eastside it [[Weserberchtme]] hjit. Fan hjir oant [[Bremen]], de wichtichste stêd oan de rivier, folget de Midden-Weser (157 km.), wêr't slûzensluzen en keardamenkeardammen de rivier it hiele jier troch befarber hâlde. It [[estuarium]] fan de Weser begjint by Bremen en hjit de Under-Weser. By it [[Bremerhaven]] berikt de Weser de Noardsee. Hjir folget noch in stik Bûten-Weser, dat oergiet yn de [[Waadsee]] en allinnich by eb werkenber is.
 
[[Image:Estuary mouth Weser Bremerhaven.JPG|thumb]]
Rigel 65:
 
----
''Weser is ek in DútseDútske beneaming foar in rivier yn Belgje, sjoch [[Vesder]].''
 
[[kategory:Rivier inyn Dútslân]]
[[kategory:Nedersaksen]]