Amelânsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L útjefte 'Groat Amelander Woa'deboek'
Rigel 47:
 
== Sprekkers ==
Op it Amelân sprekt fierwei it grutste part fan 'e befolking it eigen dialekt noch. Ut in ûndersyk troch [[taalkundige]] [[Mathilde Jansen]], dy't ferbûn is oan it [[Meertens Ynstitút]], die yn [[2002]] bliken dat doe noch 62,5% fan 'e [[middelbere skoalle|middelbere-skoalbern]] op it eilân it Amelânsk as memmetaal spriek. Hoewol't sy yn har taalgebrûk folle mear Nederlânske en [[Ingelsk]]e [[lienwurd]]en bemjuksjebemjuksen, en wylst in beskate groep âlde dialektwurden oan it ferdwinen iswie, hoechthoegde dat neffens Jansen net needsaaklikerwize as negatyf opfet te wurden, want de iennichste taal dy't net mear feroaret, is in [[deade taal]].
 
Fierders joech by itselde ûndersyk nochris 15,2% fan 'e middelbere-skoallearlingen op dat se thús in mjuks fan Amelânsk en Nederlânsk sprieken. Tsjin mei-learlingen spriek 62,1% fan bern Amelânsk en 25,8% in mjuks fan Amelânsk en Nederlânsk. Jansen late dêrút ôf dat yn totaal 87,9% fan 'e skoalbern op it eilân yn 'e deistige omgong Amelânsk brûkte. Doe't se dêrnei frege waarden, antwurde 100% fan 'e (132) learlingen dat se it Amelânsk ferstean koene, 95,2% dat se it prate koene, 76,8% dat se it lêze koene en 48,0% dat se it skriuwe koene. As men dy sifers njonken de befinings set dy't yn [[1994]] troch ûndersikers fan 'e [[Fryske Akademy]] oangeande de kennis fan it Frysk yn Fryslân samle waarden, dan kriget dit rychje:
Rigel 72:
|align="center"|48,0%
|}
It Amelânsk nimtnaam dêrmei in unike posysje yn, om't frijwol alle oare dialekten yn Nederlân stadichoan efterútbuorkje, benammen wat it gebrûk ûnder de jongerein oangiet. It iswie net dúdlik wêrom't it Amelânsk sa'n útsûnderingsposysje ynnimtynnaam, mar nei alle gedachten spiletspile hjirbydêrby in rol dat de Amelânske mienskip in stik slettener foar de bûtenwrâld oerstiet as bgl. de bewenners fan 'e oare Waadeilannen. Fan gefolgen makket dat it foar bûtensteanders in stik dreger om op it eilân te yntegrearjen.

In nij ûndersyk, troch [[dosint]] Meine Bonthuis út [[2016]], liet lykwols in byld sjen dat drastysk feroare wie foar de sitewaasje fan fjirtjin jier earder oer. Mear as de helte fan 'e skoalbern, 52%, spriek yn 2016 nammentlik Nederlânsk mei-inoar, wylst noch mar 29% ûnderling Amelânsk prate. Oan 'e oare kant waard no yn húslik fermidden mei [[âlden]] en oare [[famylje (besibskip)|famyljeleden]] hast noch like faak Amelânsk sprutsen as yn 2002.<ref>{{Aut|Walthaus, Asing}}, ''Amelander scholieren spreken onderling minder Amelands'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 31 jannewaris 2017, s. 25.</ref>

Der binne gjin sifers beskikber oer it totale oantal Amelânsksprekkers of it persintaazje dat dy fan 'e Amelânske befolking útmeitsje. Mar oannommen dat it tal dialektsprekkers ûnder de âldere generaasjes heger leit as ûnder de jongerein, wat frijwol oeral sa is, dan soe in persintaazje fan 80% Amelânsksprekkers miskien in net ûnreälistyske rûzing wêze. Mei in eilânbefolking fan 3.600 minsken soe it totale oantal Amelânsksprekkers dan útkomme op krapoan 2.900 lju.
 
==Taaleigenskippen==