Hikke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
Werom sette fan ferzje 771633 fan Special:Contributions/PiefPafPier (Meidogger_oerlis:PiefPafPier) Weromset nei FA útlis
Hikken binne oeral te finen fansels.
Rigel 1:
[[File:Nationaal Park De Alde Feanen. Locatie, It Wikelslân 03.jpg|right|300px|thumb|In hikke yn it [[Nasjonaal Park De Alde Feanen]].]]
In '''hikke''' is [[stek (ôffreding)|stek]] fan [[hout]] dat fan âlds yn [[Fryslân]] (miskien fral op 'e [[Klaaistreek|Klaai]]) brûkt wurdt om [[sleat]]sdammen mei ôf te sluten. In hikke bestiet almeast út fiif of seis horizontale en trije oant fjouwer fertikale planken. De boppeste horizontale 'planke' is yn 'e regel eins in balkje. Soms binne der foar de stevichheid noch in pear planken diagonaal tafoege.
 
Hikken wurde oerdwers op 'e daam setten en oan wjerskanten mei [[tou]]wen fêstbûn oan 'e [[peal|daamspeallen]]. Oan 'e hikke wurde de touwen fêstmakke oan 'e beide uterste fertikale planken. It horizontale plankwurk stekt dan noch sa'n 30 sm út, wat faak genôch is om 'e daam hielendal ôf te sluten foar [[bist]]en, hoewol't [[minske]]n har der dan yn 'e regel noch wol boppe de [[sleat]] lâns omhinne swinge kinne troch har goed oan 'e daamspeal fêst te hâlden. By âldere dammen, dy't fansiden gjin [[beton]]platen hawwe, moatte loft en rjochts yn 'e [[ûnderwâl]] faak noch in pear lytsere stekjes tafoege wurde tusken de sleatskant en daamspeal.