Ferkiezing: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 6:
It ferskynsel 'ferkiezings' giet werom op it [[Atene]] út 'e [[Klassike Aldheid]], dat regearre waard troch in systeem fan [[direkte demokrasy]], wêrby't de stimberjochtige boargers oer elts ûnderwerp stimden. Sokke ûnderwerprelatearre ferkiezings wurde ek tsjintwurdich noch wol holden, mar wurde no yn 'e regel [[referindum|referinda]] neamd. Om't yn moderne lannen mei harren befolking fan miljoenen [[minske]]n direkte demokrasy meastal as ûnwurkber beskôge wurdt, meitsje demokratyske lannen tsjintwurdich gebrûk fan [[represintative demokrasy]], wêrby't de boargers lju kieze dy't harren yn it parlemint fertsjintwurdigje, de saneamd '[[folksfertsjintwurdiger]]s'.
 
By '''direkte ferkiezings''' wurde sokke folksfertsjintwurdigers rjochtstreeks troch it elektoraat keazen. By '''[[yndirekte ferkiezings''']] (miskien better bekend ûnder de [[Nederlânsk]]e term ''getrapte verkiezingen'') kiest men folksfertsjintwurdigers dy't dan op har beurt wer oare folksfertsjintwurdigers kieze. Sa giet it bgl. om en ta by it kiezen fan 'e leden fan 'e [[Earste Keamer]] fan 'e Nederlânske [[Steaten-Generaal]]: it elektoraat kiest de leden fan 'e [[Provinsjale Steaten]], en de leden fan 'e Provinsjale Steaten kieze dêrnei de leden fan 'e Earste Keamer.
 
{{boarnen|boarnefernijing=