Kansas City (Missoery): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Kansas City (Missoury) to Kansas City (Missoery) over redirect: goede ferfrysking
L red
Rigel 10:
Lân= [[Ofbyld:flag of the United States.svg|20px]] [[Feriene Steaten]] |
Bestj. ienh. 1= Steat |
Namme bestj. ienh. 1= [[File:Flag of Missouri.svg|20px]] [[MissouryMissoery (steat)|Missoery]] |
Bestj. ienh. 2= County |
Namme bestj. ienh. 2= [[Jackson County (MissouryMissoery)|Jackson County]], <br>[[Clay County (MissouryMissoery)|Clay County]], <br>[[Platte County (MissouryMissoery)|Platte County]], <br>[[Cass County (MissouryMissoery)|Cass County]] |
Stifting= 1838 |
Tiidsône= [[UTC]]-6 |
Rigel 19:
Webside= [http://www.kcmo.org/ www.kcmo.org]|
}}
[[File:US-MO-Kansas City-Entire City.png|left|thumb|200px|De lizzing fan Kansas City yn 'e steat [[MissouryMissoery (steat)|Missoery]].]]
[[File:Sprint Center Kansas City Missouri.jpg|left|thumb|200px|It ''Sprint Center'', dat yn [[2007]] yn 'e binnenstêd iepene waard foar [[sport]]eveniminten en [[muzyk]]konserten.]]
'''Kansas City''', gauris ôfkoarte ta '''K.C.''', is de grutste stêd fan 'e sintraal leine [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[MissouryMissoery (steat)|Missoery]]. It is ien fan 'e beide haadplakken fan [[Jackson County (MissouryMissoery)|Jackson County]] (it oare is [[Independence (MIssouryMIssoery)|Independence]]), mar it omfettet ek parten fan 'e oanswettende ''countys'' [[Clay County (MissouryMissoery)|Clay]], [[Platte County (MissouryMissoery)|Platte]] en [[Cass County (MissouryMissoery)|Cass]]. Neffens in offisjele skatting út [[2012]] (op grûn fan 'e gegevens fan 'e folkstelling fan [[2010]]), hie Kansas City dat jiers krapoan 465.000 ynwenners. Boppedat is it de wichtichste stêd fan 'e stêdekloft dêr't ek [[Kansas City (Kansas)|Kansas City]] yn [[Kansas]] ta heart, dat foar Kansas City yn Missoury oer leit, oarekant de rivier de [[MissouryMissoery (rivier)|MissouryMissoery]].
 
==Skiednis==
Yn [[1833]] waard oan it begjin fan it saneamde ''[[Santa Fe Trail]]'', ien fan 'e rûtes dy't troch blanke kolonisten brûkt waard om nei it Westen te reizgjen, it plakje [[Westport (Kansas City)|Westport]] stifte, dat letter in wyk fan Kansas City wurde soe. Mei't dat sa'n 5 km fan 'e rivierkant ôf lei, waard yn [[1838]] op it plak dêr't de MissouryMissoery mei de rivier de [[Kansas (rivier)|Kansas]] gearfloeide, noch in plakje stifte, dat Kansas kaam te hjitten, nei in [[Ingelsk]]e ferbastering fan it [[Frânsk]]e ''Cansez'', in namme foar ien fan 'e [[Yndianen|Yndiaanske folken]] yn it gebiet. Kansas krige yn [[1850]] de status fan [[stêd]]. Tsjin dy tiid wiene Kansas, Westport en it deunby leine [[Independence (MissouryMissoery)|Independence]] plakken wurden dy't fan krúsjaal belang wiene foar de [[kolonisaasje]] fan it [[Wylde Westen]], mei't trije fan 'e wichtichste rûtes nei it Westen (it ''[[Santa Fe Trail]]'', it ''[[California Trail]]'' en it ''[[Oregon Trail]]'') yn dy krite har begjinpunt hiene.
 
Hoewol't de steat MissouryMissoery fanwegen syn [[slavernij|slavehâldende]] status ornaris ta it [[Amerikaanske Suden]] rekkene waard, krige it de kâns net om him yn 'e [[Amerikaanske Boargeroarloch]] by de Súdlike [[Konfederearre Steaten fan Amearika|Konfederaasje]] oan te sluten, om't it oan it begjin fan 'e oarloch, yn [[1861]], beset waard troch Noardlike troepen. Dat late ta in eksplosive sitewaasje, mei't de measte ynwenners dat beskôgen as in oerhearsking troch de fijân. Guon fan 'e bloedichste en fûleindichste gefjochten fan 'e oarloch fûnen sadwaande plak yn MissouryMissoery, dêr't in soartemint [[guerylja-oarloch]] ûntstie tusken de ûngeregelde formaasjes fan 'e saneamde ''[[Jayhawkers]]'' út Kansas, dy't foar it Noarden fochten, en de ''[[Bushwackers]]'' út MissouryMissoery, dy't oan 'e kant fan it Suden stiene. Troch de geografyske posysje fan Kansas City, pal oan 'e grins mei de steat [[Kansas]], lei dat middenyn it gebiet dêr't sokke gefjochten it slimst wiene. Boppedat fûnen der yn 'e omkriten fan 'e stêd ek ferskate fjildslaggen plak tusken geregelde Noardlike en Súdlike legers, lykas de [[Earste Slach by Independence]], yn [[1862]], de [[Twadde Slach by Independence]], yn [[1864]], en de [[Slach by Westport]], datselde jiers.
[[File:JC Nichols Fountain by Henri-Léon Gréber Kansas City.jpg|left|thumb|200px|De J.C. Nichols Memorial Fountain; Kansas City wurdt wol de ''City of Fountains'' ("Stêd fan 'e Fonteinen") neamd, wat ek útbylde wurdt op 'e stedsflagge.]]
 
Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch woeks Kansas City fluch ta, wat foar in grut part te tankjen wie oan 'e brêge oer de MissouryMissoery, dy't dêr yn [[1869]] oanlein waard. De befolkingsgroei wie sa sterk, dat Kansas yn [[1889]] syn namme feroare yn Kansas City. Westport waard yn [[1897]] troch de stêd opslokt. Tsjin 'e iuwwiksel hie Kansas City krapoan 165.000 ynwenners.
 
Oan it begjin fan 'e [[tweintichste iuw]] strieden ferskate trochkorrupte politike klibers om 'e macht yn 'e stêd. De kliber fan [[Tom Pendergast]] wûn úteinlik healwei de tweintiger jierren, en regearre Kansas City sa'n fyftjin jier, oant Pendergast yn [[1939]] skuld bekenne moast foar [[belestingûntdûking]]. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] ferlieten in protte begoedige ynwenners de binnenstêd fan Kansas City om har nei wenjen te setten yn 'e bûtenwiken en fral yn 'e foarstêden. Yn 'e binnenstêd bleaune de earmere lagen fan 'e befolking oer. In grut part dêrfan bestie út [[Afro-Amerikanen]], dy't yn [[1950]] 12,2% fan 'e totale stedsbefolking útmakken. Yn 'e sechstiger jierren fûnen der ferskate slimme [[ras (klassifikaasje fan minsken)|rasse-opskuorren]] yn Kansas City plak, wêrfan't de ferheftichste de [[Opskuor fan Kansas City (1968)|Opskuor fan Kansas City fan 1968]] wie, dy't yn hege mjitte in gefolch wie fan 'e moard op [[Martin Luther King]], dat jiers. Wylst de stêd almar trochgroeide, rekken de âlde wiken fan 'e binnenstêd ferpaupere. Yn [[1940]] hie Kansas City 400.000 ynwenners; yn [[2000]] libben der yn itselde gebiet noch mar 180.000 minsken (de rest wie nei de nije bûtenwiken gien). Tusken [[1940]] en [[1960]] ferdûbele de stêd yn grutte, mar wûn it kwa ynwenners mar sa'n 75.000 man oan. Tsjin [[1970]] hie Kansas City in oerflak fan likernôch 820 km² krigen, wat mear as fiif kear safolle wie as dat it yn [[1940]] hân hie.
Rigel 35:
==Demografy==
Neffens in offisjele skatting troch it [[Amerikaanske Folkstellingsburo]] op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan [[2010]] hie Kansas City yn [[2012]] in [[befolking]] fan 464.310 minsken. De [[befolkingstichtens]] bedroech 569,2 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan [[2010]] wie doe fan 'e befolking fan Kansas City 11,0% âlder as 65 jier en 24,2% jonger as 18 jier. Fierders libbe yn [[2007]] 6,5% fan 'e befolking ûnder de [[earmoedegrins]].
[[File:Downtown Kansas City, MO.jpg|right|thumb|250px|Utsjoch oer it sintrum fan Kansas City (MissouryMissoery).]]
 
Wat de [[etnyske groep|etnyske]] opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn [[2010]] sa: 54,9% [[jeropide ras|blanken]]; 29,9% [[negroïde ras|swarten]]; 10,0% [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino's]]; 2,5% [[Aazje|Aziaten]]; 0,5% [[Yndianen]]; 0,2% [[Polyneezje|Polyneziërs]], [[Melaneezje|Melaneziërs]] en [[Mikroneezje|Mikroneziërs]]; 2,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.
 
===Berne yn Kansas City (MissouriMissoery)===
<!---dizze opsomming stiet op folchoarder fan bertejier--->
* [[Ub Iwerks]] (1901-1971), [[animator]]
Rigel 54:
}}
 
[[Kategory:Plak yn MissouryMissoery]]