Ynterslavysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
foarbyld út nl
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 22:
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Križanić - Gramatično izkazanje ob ruskom jeziku.png|thumb|left|«Gramatíčno izkazânje ob Rúskom jezíku» fan Juraj Križanić]]
Mei in skiednis fan mear as 350 jier is it Ynterslavysk de âldste ynternasjonale helptaal, folle âlder as bygelyks it [[Esperanto]] en it [[Folapúk]]. De earste grammatika fan't Ynterslavysk waard yn de jierren 1659-1666 skreaun troch de Kroätyske preester [[Juraj Križanić]] (±1618-1683) ûnder de titel ''Gramatíčno izkazânje ob Rúskom jezíku'' ("Grammatikaal oersjoch fan it Russysk").<ref>Nettsjinsteande de namme ''Ruski'' ("Russysk") wie dizze taal yn wurklikheid in mingfoarm fan't [[Russysk]], it [[Tsjerkeslavysk]], it Ikavyske dialekt fan't [[Kroätysk]] en it [[Poalsk]]. Križanić brûkte dy namme om de tsaar te behagen.</ref> Ek neitiid, fral yn de [[19e ieuiuw]], hawwe ferskate auteurs, lykas Jan Herkeľ, Božidar Raič en Matija Majar-Ziljski, boeken en artikels oer it Ynterslavysk publisearre. Harren foarstellen wiene almeast basearre op 't [[Tsjerkeslavysk]], dat wilens fierste argaysk wie om foar aldendeiske kommunikaasje brûkber te wêze.
 
Oant de [[20e ieuiuw]] wie de taal nau ferbûn mei it [[pan-Slavisme]], de filosofy dat alle Slaven ta ien en deselde grutte naasje hearre en dêrnei ek it stribjen nei in mienskiplike Slavyske steat. Nei de [[Earste Wrâldkriich]] kaam de klam mear te lizzen op it befoarderjen fan de ynternasjonale kommunikaasje tusken Slaven ûnderinoar troch de wei fan in "Slavysk Esperanto", wat resultearre yn ferskate sterk ferienfâldige ûntwerpen.
 
Hjoed de dei bestiet it Ynterslavysk út twa aktive projekten: