Ester (bibelboek): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 29:
 
==Oarsprong en skriuwer==
Ornaris is men fan tinken dat ''Ester'' yn 'e [[trêde iuw f.Kr.|trêde]] of [[fjirde iuw f.Kr.]] ûntstien wêze moat. Neffens de joadske tradysje is it boek yn syn hjoeddeiske foarm in bewurking troch de [[Grutte Gearkomste]] (fan joadske wizen, dy't de ''Tenach'' gearstalde) fan in oarspronklike tekst dy't skreaun wêze soe troch [[Mordekai]], ien fan 'e haadrolspilers út it ferhaal. Dêrmei wurdt ûndersteld dat de tekst in werjefte fan histoaryske feiten is. Lykwols binne dêr nochal wat swierrichheden mei, net yn it lêste plak trochdat der yn it boek oantoanbere histoaryske ûnwierheden steane, bgl. wat de steatsopbou en it regearingsapparaat fan it [[Perzyske Ryk]] oanbelangje. De Perzyske kening Ahasfearos wurdt yn 'e regel identifisearre as [[Kserkses I]] ([[486 f.Kr.|486]]-[[465 f.Kr.]]), al wol de iere [[Gryksk]]e bibeloersetting, de ''[[Septuaginta]]'', hawwe dat it [[Artakserkses II]] ([[405 f.Kr.|405]]-[[359 f.Kr.]]) wie. Mar yn beide gefallen is de identifikaasje fan 'e oare haadpersoanen fan it Esterferhaal eins net goed te krijen. Dêrfandinne miene frijwat hjoeddeiske bibelwittenskippers en [[teolooch|teologen]] dat ''Ester'' gjin histoarysk ferslach mar in [[histoaryske roman|histoaryske]] [[novelle]] is, dy't sjoen wurde moat as in [[allegory|allegoaryske]] útlis fan 'e oarsprong fan it joadske [[Pûrim|Poerim]]feest.
 
==Bysûnderheden==
*It boek ''Ester'' foarmet de grûnslach en in yntegraal ûnderdiel fan it joadske feest [[Pûrim|Poerim]]. De folsleine tekst fan it (frij koarte) boek wurdt twaris lûdop foarlêzen ûnder de fiering dêrfan, ien kear jûns en nochris de oare moarns.
 
*Njonken it ''[[Heechliet]]'' is ''Ester'' it iennichste bibelboek dat net eksplisyt oan [[God]] referearret.
Rigel 44:
Mordekai sit gauris yn 'e poarte fan it paleis, dêr't er berjochten mei Ester útwikselet, en as er dêr op in kear wer omhinget, fangt er nijs op oer in gearspanning fan guon hôvelingen tsjin 'e kening. Hy jout it troch oan Ester, dy't it útbringt oan Ahasfearos. De saak waard neigien en de belutsen hôvelingen giene in raar gat yn. Om dy tiid hinne komt in oare hôveling, [[Haman|Haman, soan fan Hammedata]], tige by de kening yn 'e geunst, en in elk falt foar him op 'e knibbels as er foarbyriidt. Mordekai wegeret dat lykwols te dwaan, op grûn fan syn joadske [[leauwe]]. Haman wurdt dêr alhiel breinroer oer en fettet dan it plan op om alle Joaden yn it Perzyske Ryk út te rûgjen. Ahasfearos harket nei syn ynskunings en lit in brief útgean nei de steedhâlders en lânfâden wêryn't dy befelle wurde om 'e [[folkemoard]] ta te rieden.
 
As Mordekai dêrfan heart, trunet er Ester oan om 'e kening te bepraten. Mar Ester skytskoarret der wat tsjin oan. Einlings en te'n lêsten leit se dan oan Ahasfearos út dat as Haman syn sin kriget, sysels ek deadien wurde moatte sil. Dêrop ûntstekt de kening yn grutte grime en lit er Haman oppakke en op in peal speetse. En de Joaden wurde oproppen om op 'e dei dy't earst steld wie foar harren útrûging ynstee al harren ferfolgers út te rûgjen. Mordekai wurdt oansteld foar Haman yn 't plak en hy lit fêstlizze dat de Joaden tenei elts jier it PûrimfeestPoerimfeest fiere moatte om harren rêding fan 'e útrûging te betinken.
[[File:Megillat Esther (1).jpg|right|thumb|250px|In moderne, hânskreaune boekrôle fan ''Ester''.]]