Foarstêd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L red
Rigel 1:
[[File:Markham-suburbs aerial-edit2.jpg|right|thumb|240px|In [[loftfoto]] fan in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] foarstêd.]]
In '''foarstêd''' is in grutte [[wenkearn]] dy't tsjin 'e râne fan in gruttere [[stêd]] oan leit en ta de [[stêdekloft]] fan dy gruttere stêd rekkene wurdt. It ferskil mei in [[bûtenwyk]] is dat in bûtenwyk [[bestjoer]]lik diel útmakket fan 'e gruttere stêd, wylst in foarstêd bestjoerlik selsstannich is. It [[urbanisaasje|ferstedske]] gebiet fan 'e sintrale stêd en dat fan 'e foarstêd rint lykwols yninoar oer; de [[grins]] is meastal [[skiednis|histoarysk]] en fielt foar moderne bewenners fan it gebiet faak keunstmjittich oan. Yn 'e [[Feriene Steaten]] wurdt mei dêrom meastal gjin ûnderskie makke tusken foarstêden en bûtenwiken, en wurde allebeide oantsjut as ''suburbs'', dat letterlik "hast-stêden" of "ûnderstêdenminder-as-stêden" betsjut.
 
Foarstêden kinne planearre wêze as [[groeikearn]]en, mar meastal komme se fuort út lytsere besteande [[stêd]]en of út eardere [[agrarysk]]e [[delsetting]]s dy't útgroeid binne ta stedsgrutte. Yn allebeide fan 'e lêste gefallen binne se troch it úttynjen fan 'e eigen [[befolking]] en dy fan 'e gruttere stêd meitiid fêstgroeid oan dy gruttere stêd. Yn 'e regel hat sa'n grutter plak ferskate, soms wol tsientallen foarstêden, wêrby't dy net allegear oan it grûngebiet fan 'e sintrale stêd hoege te grinzgjen, mar ek yn almar grutter wurdende rûnten om 'e sintrale stêd en ominoar hinne lizze kinne. Foarstêden binne [[ekonomy]]sk faak sterk ôfhinklik fan 'e gruttere stêd dêr't se tsjinoan lizze, mei't in grut diel fan har ynwenners bestiet út [[forins|forinzen]] dy't dêr [[wurk]]je.