Eastfriezen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 4 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q456087
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
'''Eastfriezen''' ([[Dútsk]]: ''Ostfriesen'') binne, yn rûmere betsjutting, de ynwenners fan [[East-Fryslân]] yn it noardwesten fan de Dútske dielsteat [[Nedersaksen]]. Yn de lytsere betsjutting binne de '''Eastfriezen''' de eastlike tak fan de [[Friezen]], in [[Germanen|Germaansk folk]] en beheart, mei de [[Denen]], [[Sorben]], [[Sinty]] en [[Roma (folk)|Roma]] ta de erkende minderheden yn Dútslân.<ref>[http://die-friesen.eu/friesen/sonstiges/bmi.pdf "Stellungnahme des Innenministeriums zur Stellung der Ostfriesen"]</ref> Hja binne nau besibbe mei de [[Sealterfriezen]], dy't ôfkomstich binne út East-Fryslân en ferfearn binne fan de kuststreek nei it binnenlân.
 
De Eastfriezen binne ek besibbe oan de [[Noardfriezen]] en de [[Westfriezen]] út [[Westerlauwersk Fryslân]]. Eastfriezen komme fan [[East-Fryslân]] yn it noardwesten fan Dútslân. Somtiden wurde alle Friezen út de eastlike Fryske gebieten (Eastfriezen, [[Sealterfriezen]], [[Bûtjadingers]], [[WûrstfriezenWoerstfriezen]], [[Jeverfriezen]], Aldenboarchfriezen, Rüstringenfriezen) oantsjutten as Eastfriezen.
 
Nei alle gedachten wurdt de mearderheid fan East-Fryslân noch bewenne troch de Eastfriezen. Krekte sifers binne der lykwols net fan, omdat it oansluten by in bepaalde etnyske groep frij is en de tellings net freegje nei etnisiteit. De Eastfriezen hawwe, yn tsjinstelling ta de Noard en West Friezen, harren [[Fryske talen|Fryske taal]] gau ferlern. It pleatslike dialekt is no [[Eastfrysk (Nederdútsk)|Plat East Frysk]]. Der is noch ien [[Eastfrysk]] dialekt oer: it [[Sealterfrysk]] dat mei sa'n 2.250 sprekkers praat wurdt yn [[Sealterlân]].